Blog Cornelis van der Wal: Dichter des Vaderlands Bruinja pleitet tsjin it brûken fan it Frysk

logo.ensafh

Fannejûn seach ik de dokumintêre ‘It Wurd Wat‘ oer Fryske poëzy. In soad ôfwaaid praat, yndied, mar al nijsgjirrich fûn ik hoe’t de Amsterdamse Fries Tsead Bruinja, dy’t op dit stuit Dichter des Vaderlands is, him oer it Frysk útlit. Sjoch de foto’s of fansels de doku en lûk jo konklúzje.

Lês en sjoch fierder by Cornelis van der Wal

3
Reageer op dit artikel

avatar
3 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
TseadAbe Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Abe
Gast

Ik hoopje echt dat ús programmamakkers tenei de Fryske poëzij serieus nimme, yn syn mooglikheden en syn beheiningen. Ik hoopje echt dat ús lêzers wol begripe dat poëzij wat oars is as wat puberale ropperij by it fikjestoken. Ik hoopje echt noait wer in fragmint fan in ,,gedicht” fan Hessel Miedema te hearren. Ik hoopje echt noait wer de kletsika oanhearre te moatten oer de needsaak fan mear ,,eksperiminten” yn de Fryske poëzij en ik hoopje echt dat immen dy’t yn it Hollânsk skriuwe wol syn paad ek sûnder de stipe fan de Omrop wol fine kinne sil. En ik… Lees verder »

Tsead
Gast

Ik bin net tsjin it brûken fan it Frysk. Ik bin foar in literatuerbelied dat de literêre realiteit yn de provinsje werspegelet. It soe neffens my moai wêze as der foar oarstalige dichters, lykas foar de Frysktalige dichters, in kâns wêze soe om Dichter fan Fryslân te wurden. It past by de taalskiednis fan de provinsje wêryn’t werskynlik noait allinne mar Frysk sprutsen is. De gedichten fan sa’n oarstalige dichter soenen dan fansels ek oerset wurde kinne nei it Frysk. Noflike dei allegearre!

Abe
Gast

Immen ek wat fan It Skriuwersboun heard oer de prachtdokumintêre? Of fan in lid fan it bestjoer fan It Skriuwersboun? Of is It Skriuwersboun massaal op wintersport, nei in wynpriuwerij fan de Lidl, op it Provinsjehûs om in masterclass ‘Hoe ferneuk ik de Fryske literatuer’ te jaan (al is dat net werklik noadich), of is men himsels oan it opheffen, ja, je witte it net.