Anne Feddema

Fermento

logo.ensafh

Okkerdeis siet ik wer ris yn ’e bus, minsken dy’t wolris eat fan my lêze, tinke miskien dat ik in fêst sitplak foar it libben yn in FlixBus haw, mar sa is it net, hear.
Ik siet no yn in gewoane Q-liner, in bus fan Arriva.
Ik wie op wei nei Alkmaar om in tentoanstelling te besjen yn it Museum Alkmaar, dêr’t behoarlik wat keunst te sjen is fan ’e sabeare Bergense School.
Keunst fan begjin tweintichste iuw, in krusing tusken Frânsk kubisme en Dútsk ekspresjonisme. In pear jier ferlyn wie der yn Alkmaar in ekspo te sjen oer de tiid dy’t Picasso yn 1905 yn Skoorl en omkriten trochbrocht hie en it wurk dêr en letter, op basis fan sketsen yn Parys makke. U.o. La Belle Hollandaise en noch in wurk dat der yn it museum te sjen wie. Ik stie ek te sjen nei in Thonet-stuoltsje, dêr’t it grutte, lyts sjeny mooglik op sitten hie…eins stie ik te relikwy sjen fansels, mar wat is keunst oars, as in substitút foar religy?
Hawar, dizze útstalling liet it ljocht skine oer trije generaasjes Toorop.
Jan…de Heit…Charlie…strange mem en oanbiddende dochter…Edgar…de soan…fynsinnich en gefoelich.
Dêr soe ik oer skriuwe kinne, oer de tentoanstelling, oer hoe’t begelyks de ferve opbrocht is, oer de ynfloed fan ’e streamingen yn ’e keunst, ein njoggentjinde, begjin tweintichste iuw. Dat hie fansels samar kinnen, mar ik doch it net.
Hoewol’t de rest fan myn ferhaal der net west hie as ik myn keunstreiske nei Alkmaar net makke hie. Aksje en reaksje. Jaha hear.
Sa healwei ienen hie ik it allegearre wol goed besjoen en woe efkes in bakje kofje helje mei eat derby, want sûnder kin net, alteast net by it earste bakje en by it twadde ek net ammers, ik yt gewoan net alles op yn ien kear…hoe dan ek…ik Alkmaar yn foar taartferdivedaasje. Ha, in Bakker Bart, mar sá lyts dat alle plakken, twa plestikken stuoltsjes en in bankje, werklik wier al beset binne.
Ik rin wer in grutte strjitte yn en lês Fermento…Lunchroom en Bio-bakker, dat soe goed wêze moatte. It is in L-foarmich pand op in hoeke. Ik sjoch ris goed nei de letters fan ’e namme Fermento. Jawis, hear…de typografy fan Rudolf Steiner sil ik mar sizze…Weleda…antroposofyske krêmkes ensfh. komt byelkoar mei Bio-bôle en in lunchroom…is it net moai? Kin my it skele as it mar goed is. Sil ik no wol kofje nimme? Sûnt begjin jannewaris haw ik lêst fan myn lykwichtsorgaan, dit is ien fan ’e bettere dagen en dêrom bin ik ek op ’en paad. Ik sit. Rillegau komt der in jonge dy’t freget wat ik hawwe wol. Appelgebak en kofje en in broadsje sûn.
Mar om in lang ferhaal nog in bytsje langer te meitsjen. Anne F. en bio-baksels binne net werklik in geweldige kombinaasje.
En dat hat der neat mei te krijen dat ik graach guod út pakjes en pûdsjes prefab hawwe wol. Myn eigen iten, jawis, is ek 90% halal 2.0. Miskien wiene it broadsje sûn en stik appelgebak wol makke nei in orizjineel resept fan ‘e beppe fan Rudolf Steiner en wurdt it ek ferkocht yn ‘e lunchroom fan it Goetheanum in Dornach, Switserlân, wit ik it. Ik fûn wat ik krige net oertsjûgjend. Hawar again, ik siet dêr alsa in skoftke en it begûn my op te fallen dat it measte personiel, jonge manlju en froulju, tige drok wienen en in soad leven makken. De jonge, dy’t by in ûnbidich grutte kofjemasjine stie, lake heech en hurd, oan ien stik troch. Der kaam in famke by, mei in enoarme, kroljende bosk hier, as kapperssoan haw ik dêr in goed each foar, en al gau praten beide, LÛD, oer de krekt ferstoarne, meneer Aart Staartjes en Sesamstraat, en dat er dea wie. De kofjejonge: ‘ Menear Aart leit tusken seis plankjes.’…’ Ja, Piño.’, andere it famke en sa gong it troch. Hiel efkes tocht ik net yn ‘e buert fan polityk korrekt: The lunatics have taken over the asylum…of soks. It is fansels prachtich dat minsken mei in beheining oan it wurk kinne en mei oare minsken gearwurkje. Yn Ljouwert, deunby wêr’t ik wenje, op it Flyt ( Fliët ) hawwe we de Mûne, mar dêr makket it personiel net sa’n leven. Ach, ik wurd âld…hoopje ik. En dy namme
Fermento?…Fermintearje?…sûnder soerstof?…fiedsel?…bio?
Ik soe it net witte.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op