Aginda 12-03-20: Sympoasium Fries Biografie Instituut

logo.ensafh

Sympoasium Fries Biografie Instituut

Op tongersdei 12 maart presintearje it Biografie Instituut fan de Rijksuniversiteit Groningen, it Histoarysk Sintrum Ljouwert, Tresoar en útjouwerij Bornmeer it Fries Biografie Instituut.

​Op ferskate wizen wol it Fries Biografie Instituut it meitsjen fan goede biografyen stimulearje. In goede biografy tekenet it ferhaal fan de persoan yn it perspektyf fan de tiid. Net allinne binne de jiertallen fan belang, mar ek de betsjutting foar de mienskip, de wrâld dêr’t de persoan yn libbe. In goede biografy is in biografy dy’t de lêzer yn de besnijing hâldt, mar net tajout oan popularisearring. Troch te ynfintarisearjen, te stimulearjen en troch stipe te jaan yn redaksjonele en finânsjele kwesjes, anneks mei in publikaasje, wolle wy de kennis oer Fryslân en oan Fryslân ferbûne persoanen ferrykje en fergrutsje.

Om better yn de kunde te kommen mei it Fries Biografie Instituut nûgje wy jo graach út foar it sympoasium op 12 maart yn Tresoar.

Lês fierder by Tresoar

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op