JanMurk yn tydskrift Quatrebras

logo.ensafh

Yn 1956 ferskynde der in bysûnder nûmer fan literêr tydskrift Quatrebras, nammentlik mei acht tekeningen fan JanMurk de Vries. It nûmer krige de titel ‘Nagasaki’ mei en oan de ein wurdt troch de redaksje skreaun dat de tekeningen ynspirearre binne op de oanhâldende proeven mei atoomwapens. De redaksje skreau: “Hja binne net bidoeld as yllustraesje fan it leed dat west hat, mar as warskôging tsjin hwat komme sil as de remmen weifalle. In protest tsjin alle forskrikking, fan Nagasaki oant Boedapest.” De tekeningen binne hjirûnder te besjen.

Lês fierder by Sirkwy

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op