Teleks: Winners skriuwwedstriid fan Tresoar binne bekend

logo.ensafh

Winners skriuwwedstriid fan Tresoar binne bekend

Op de skriuwwedstriid fan Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar ‘wat betsjut frijheid foar ús?’ binne 19 gedichten en 9 ferhalen ynstjoerd. Oanlieding om de wedstriid út te skriuwen, is it feit dat 75 jier lyn in ein oan de Twadde Wrâldoarloch kaam.

De sjuery, besteande út Doeke Sijens, Eric Hoekstra en Nienke Jet de Vries, hat de teksten anonym beoardiele.

De winners
By de gedichten hat Syds Wiersma de earste priis wûn mei syn fers ‘de put’. De sjuery seit dêroer:
“It is in gedicht dat sawol tagonklik as fernimstich is. It tema is dat minsken gjin emoasjes talitte omdat emoasjes sear dwaan kinne.”
De twadde priis is foar it fers ‘Neat’ fan Neeltje Terpstra. De tredde priis giet nei it gedicht ‘Yn alle talen lyk’ fan Nynke Terpstra.

By de ferhalen giet de earste priis nei Koos Tiemersma foar syn ferhaal ‘Oare kant grins’. De sjuery seit dêroer: “It ferhaal lit moai útkomme dat goed en ferkeard gjin oardielen oer groepen wêze kinne, inkeld oer yndividuele minsken, oan hokker kant oft se yn in oarloch of oar konflikt ek steane.”
De twadde priis is foar Ludzer van der Schors foar syn ferhaal ‘Mei de boat nei Ljouwert’.
De tredde priis giet nei it ferhaal ‘Wer werom’ fan Jan Minno Rozendal.

De earste priis foar it bêste ferhaal/gedicht is € 750, de twadde priis € 500 en de tredde priis € 250.
De priiswinnende ferhalen en gedichten wurde publisearre yn Letterhoeke, it blêd fan Tresoar en de Freonen fan Tresoar, dat 10 april ferskynt.

Op freed 17 april wurde de prizen útrikt by Tresoar mei in feestlik programma (begjint om 15.30 oere) mei foardrachten fan de winners, it sjueryrapport en in muzikaal optreden.

Belangstellenden kinne har oanmelde fia de mail (ynfo@tresoar.nl) of belje mei it sekretariaat (058-7890740 of 058-7890792).

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op