Aginda 12-03-20: twa lêzingen by de tentoanstelling ‘Uneinige beweging’ oer JanMurk de Vries

logo.ensafh

Op tongersdei 12 maart binne der yn Obe twa lêzingen by de tentoanstelling ‘Uneinige beweging’, oer keunstner JanMurk de Vries. De jûn begjint om 20.00 oere (gjin ynrin); tusken de beide lêzingen wurdt der kofje en tee skonken

Lêzing Bert Looper ‘JanMurk en Quatrebras’
Bert Looper sketst yn syn lêzing it kulturele klimaat yn Fryslân yn de jierren 1950 – 1975. Sintraal stiet dêryn it tydskrift Quatrebras dêr’t de kearnpunten fan de kulturele fraachstikken fan dy tiid har yn konsintrearren. JanMurk de Vries wie inkele kearen belutsen by Quatrebras fanút in sterke maatskiplike belutsenens. It libben en tinken fan JanMurk ferbûn him mei en ûntjoech him yn it Fryslân út dy tiid. De lêzing is yn ’t Frysk.

Lêzing Erik Betten – ‘Dienende kunst’
By de wer-opbou wie der in groep Fryske keunstners aktyf dy’t harsels mear seach as ynstrumint as as autonome skeppers. In rûnte dy’t nei de jierren sechstich wat fergetten rekke is, mar dy’t noch gâns spoaren yn ‘e publike rûmte achterlitten hat.

Hjir kinne jo jo opjaan

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Abonneren op
guest
0 Reacties
Inline Feedbacks
View all comments