Henk Nijp

Unfoarsisbere dagen

logo.ensafh

Regen is gewoon confettie uit de hemel, sa begjint in promo-mailtsje fan ‘Visit Fryslân’, in klup dy’t ús provinsje oan ‘e man bringe moat. It is wol in poëtyske sin dat jou ik fuort ta, mar dank je de koekoek, fan konfetty is noch nea immen dweiltrochwiet wurden, dat is mei in fikse bui wol oars. Sa kinne jo fansels alles rjochtprate wat krom is: Ciara is gewoan in twirre dy’t har fersind hat. Lij bier is gewoan in pilske dat him te bot útsloofd hat, in Alvestêdetocht dy’t net trochgiet komt gewoan troch in winter mei de simmer yn ‘e kop. En Kletterdei, ja wat is kletterdei eins? Gewoan in ferwettere feestje mar dan sûnder wetter? Ferline jier wie it hielendal neat, Kletterdei. Dat hie nei alle gedachten op ien of oare wize wat mei de legacy te krijen. Witte jo noch wol KHLF-2018? Dat mei dy legacy dat moast noch wat op gong komme of se sieten noch wat op ‘e rôze wolkens fan it grutte sukses fan it jubeljier. Wa’t de ferantwurdlikheid foar dat feest hie wie ek net rjocht bekend. Yn elk gefal barde der neat. Mar no yn 2020 wurdt it echt wat, krij jo bûsboekje en notearje mar fêst, sneon 21 maart 2020: Grut Feest Yn Fryslân, 11 Fountains Wer Yn Gebrûk Foar It Nije Seizoen.
Wat der krekt te dwaan wêze sil op dy moaie maitiidssneon witte wy noch net mar dat komt goed, tidigje dêr mar op! Yn elk gefal sette wy de fountains oan en dat sil my dochs kletterje! No ja, dy Plensa-kopkes fan Ljouwert kletterje sawisa net, dat mantsje fan Snits hat ek mar wat in sleauwe striel en soe dy ljip fan Sleat kletterje? En mei dy iisberch fan Dokkum bliuwt it altyd noch mar ôfwachtsjen…
Mar foardat it seizoen echt iepene wurdt is der no stiekem ek al fan alles te dwaan neffens de yn KH-hússtyl útfierde folder. Ik doch in greep: de Waadeilannen, is altyd in goed idee, jo kinne nei de Lemmer want it Woudagemaal is wer op steam, wy ha in playlist fan krapoan oardel oere mei ‘Voorjaarkriebels’ klearstean op Spotify, mei allegear Ingelsktalige ferskes. Op Tim Douwsma nei; hy sjongt ‘Fryslan'(sic)! Wat dy spyllist fierder no krekt mei Fryslân te krijen hat is wat riedseleftich op Tim nei dan. De konneksje is frij tin, liket my.
Jo kinne ek nei de ‘Zilveren bal’, dat is in reedridersspektakel yn de Alvestêdehal yn Ljouwert, dat wurdt al foar de 5e kear organisearre. Ik hie der earlik sein noch nea fan heard, mar dat sil oan my lizze.
As jo klear binne mei dy muzyk kinne jo ek te ‘koeknuffelen’, te konodzjen sis mar. Yn Dolsterhuzen. De folder ronket fierder: Konodzje is in noflik dachje út. Yn de kokrûpersdagen kinst nodzje mei in Fryske ko en elke ko freget syn eigen oandacht. (…) Net allinne de ko genietet fan dizze behanneling want it sykheljen en de hertslach fan in ko hawwe bewiisd in rêstjouwende útwurking te hawwen op in mins. Do kinst dy dan ek folslein oerjaan oan Sjoukje, Hiltsje, Baukje, Bertha of Sytske. Ja, en wat fynt Esther Ouwehand no fan soks? Op de foto dy’t derby stiet sit in seistal minsken yn tradisjonele, krekt strutsen overalls mei in reade klisjeebûsdoek om ‘e hals te wjerkôgjen. Ja hear, it is wer sa fier!
Mochten jo net mei de kij yn see wolle dan kinne jo altyd noch de Achmeatoer op. As it wat meisit en it is helder waar, dan slagget it jo mei gemak om oer Fryslân hinne te sjen….

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Abonneren op
guest
0 Reacties
Inline Feedbacks
View all comments