Redaksjoneel + Ynhâld Ensafh 1, 2020

logo.ensafh

Redaksjoneel

It is net oars. Ik bin rûzich yn ’e holle no’t ik dit redaksjoneel skriuw. Dit is it earste nûmer fan 2020. It begjin fan wer in jiergong. It moaie fan in leafhawwerij, in passy is dat dy jin net loslit. In leafhawwerij, in passy tilt jins libben op. Dei oan dei lûk ik nei literatuer ta, lûkt literatuer oan my. Ik moat lêze, ik moat skriuwe. En mei-inoar in nij nûmer fan Ensafh meitsje. Jierren oanien. En altyd wer hoopje dat de lêzers fan it blêd der wat yn fi ne dat harren pakt. Hoe moat men soks neame? Dwylsin, fêsthâldendheid, dûnsje boppe de wolken, jinsels yn ’e wrâld pleatse? Hoe’t men it ek neamt, it kloppet. Mar gjin beneaming is slutend.

Wannear is literatuer op syn moaist, op syn bêst: ast der net hielendal in fi nger achter krije kinst. Dat kinst ek oars sizze: as de wurden dy oan it hier lûke, mear net; ast besefst datst beheind bist yn alles; ast bûten dysels brocht wurdst ; ast meinommen wurdst as yn in tsjoen.

Lês hjir fierder (pdf)

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op