Kollum Aant Mulder: Dwerse tinkers, wêr binne se bedarre

logo.ensafh

Yn dizze moanne fan de boekewike hear en lês ik fan alles oer de ‘boekenweek’ mei ‘boekenweekgeschenk’ Leon en Juliette fan Annejet van der Zijl. Dat boekje is te krijen foar wa’t foar € 15 oan boeken keapet. Hast itselde jildt foar it ‘boekenweekessay’ Generaal zonder leger van Özcan Akyol, Dat essay giet oer de fraach wêr’t de opstannige en dwerse tinkers ûnder de skriuwers bedarre binne. Dat boekje is foar € 3,75 te krijen. Beide, boekewikegeskink en boekewike-eassay wiene aardich yn it nijs.

Fryslân docht op eigen wize mei oan de boekewike, dy’t duorje sillen hie fan 7 oant en mei 15 maart. De organisaasje dêrfan leit by Boeken fan Fryslân fan de Afûk. De boekewike is troch de koroanakrisis ferlinge oan ein maart ta. No’t biblioteken ticht binne en hieltyd mear boekhannels dat foarbyld folgje, kinne we wol stelle dat de boekewike foarby is. Boeken fan Fryslân hie in grut ferskaat oan literêre jûnen hâlde wollen. Dêr is dus net folle fan op ’e hispel kommen. It is net oars. It nijsgjirrichste ûnderdiel fan de boekewike is fansels it boekewikegeskink. Mei wat fan teloarstelling ha ik diskear opnij it ‘boekenweekgeschenk’ yn de Fryske oersetting oantúgd.

Lês fierder by It Nijs

1 reaksje op “Kollum Aant Mulder: Dwerse tinkers, wêr binne se bedarre

  1. Myn earste fraach yn sa’n soarte fan diskusje is altiten wêrom’t in skriuwer net skriuwe mei wat er skriuwe wol. Wêrom moat er/se perfoarst engazjearre wêze, tema’s oansnije dêr’t it hjoed-de-dei om giet? Is der net in grutte hoemannichte lêzers dy’t har stomme graach yn fiksje ferlieze just om yn in hiele oare wrâld te dûken as dy echte wrâld dêr’t wy allegearre yn tahâlde? Wurde der yn boeken net universele saken oansnien dêr’t men teffens yn it echte libben wat oan hawwe kin, sûnder dat sa’n boek drekst as engazjearre bestimpele wurde kin?

    Der wurdt no in soad skreaun en wreaun oer it koroanafirus. Minsken lije no dus oan wat oars as harren glute-yntolerânsje, om de wurden fan de hear Akyol oan te heljen. It spyt my te sizzen, dat leveret no net daliks goede literatuer op, want wat ik der al oer lêzen haw – benammen poëzy – is no net daliks de Gysbert Japicxpriis of de P.C. Hooftpriis wurdich, earlik sein.

    Mar as wy no dochs it stapke nommen hawwe nei de poëzy. Eigenaardich yn dit soarte fan diskusjes fyn ik dat de poëzy oerslein wurdt. Dat is ek yn ’e Boekewike it gefal, de klam leit dochs op proaza. Dêr moat ik drekst by sizze dat ik dat út soarte net slim fyn, om’t poëzy gewoanwei al rom syn gerak kriget. Dat sein hawwende, wol ik graach it in inisjatyf as Dichterskollektyf RIXT neame. Dat is engazjearre en aktuele poëzy. Opstannich en rebels genôch?

    PS: By de hjittende foarm heart fansels net de ’-dt’ te stean…

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *