Teleks: Amarins Geveke nije haadredakteur ‘de Moanne’

logo.ensafh

Amarins Geveke (1974) is mei yngong fan 1 april de nije haadredakteur fan kultureel tydskrift ‘de Moanne’. Geveke is direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân, presintator en gearstaller fan de talkshow IepenUP en wie earder redakteur en ferslachjouwer by Omrop Fryslân.

Amarins Geveke folget nei 17 jier Ernst Bruinsma op en wol har graach ynsette om ‘de Moanne’ in grutter en wichtiger plak yn de Fryske mienskip te jaan: “It is in eare om mei te wurkjen oan sa’n moai blêd as ‘de Moanne’ en ik wol my graach ynsette om tegearre mei redaksje en bestjoer nije plannen te ûntwikkeljen foar ‘de Moanne’.”

Boarne: de Moanne

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op