Teleks: Diskusje op Facebook oer ‘Ferkâlden’ fan de Dichter fan Fryslân (oanfold)

logo.ensafh

Josse de Haan meldet op Facebook:

‘Tsead Bruinja sette in tekst fan Nyk de Vries op facebook – Bruinja neamde dy tekst poëzy. Ik sette der in fraachteken by, Abe de Vries ek. De diskusje dy’t ûntstie tusken us trijen hat Bruinja no fan Facebook helle. Sinsuer?
Myn lêste bydrage wie:
‘Myn 3 houten tulpen achter yn myn auto – oait oan de gevel op ‘e hoeke Lijnbaansgrêft / Leliestrjitte yn Asd op 1-heech – hawwe likefolle mei echte tulpen te krijen as dizze tekst fan NdV mei poëzy. Myn tulpen neam ik superkitsch en dêrom oantreklik. De tekst fan NdV is de gedachte fan in jonkje oer Corona.

En Abe de Vries skriuwt yn in reaksje:

Sa sjuchst mar wer: iepentlike krityk is not done yn de parten fan it wrâldsje dy’t har mear mei publyksberik as mei keunst dwaande hâlde. Objektyf besjoen en neffens alle mjitstêven dy’t ik betinke kin of earne sjoen ha, giet it hjir om net in bêst gedicht. Dat sûnder oppen en oanen sels yn Ingelske oersetting op de Poetry International-sites ferskine mei. No gun ik elk syn publikaasjes, mar ik ha ek te krijen mei de Fryske literatuer, it oansjen derfan, de kwaliteit derfan, it selskritysk fermogen derfan. Dat, Josse lit him hearre, ik sis der wat fan. Net in mislediging siet der by. Mar soks kin net lije. Wy moatte bûge foar de Dichters, oars sein, foar de massa. Moai net. Skerpje dy op, Tsead.

Klik hjir foar DFF Nyk de Vries syn ‘Ferkâlden’

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op