Teleks: Oprop foar skriuwprojekt ‘1000&1 Nacht’ fan Tryater

logo.ensafh

Bêste skriuwer,

Soesto it folhâlde om tûzen-en-ien nachten efter elkoar ferhalen te betinken en op te skriuwen?

Sa om it begjin fan ús jiertelling hinne ûntsnapte de moaie Sheherazade oan de dea troch tûzen-en-ien nachten in betsjoenend ferhaal oan de kening te fertellen. Dizze prachtige fertellingen foarmje in samling ferhalen út it Midden Easten. Ferhalen fan fier fuort, oer minsken fier fuort…of stean al dy ferhalen miskien just wol tichterby as datst tinke soest?

De foarstelling 1000&1 Nacht, sa as Tryater dat foar eagen hie, sil der net komme. Mar yn dizze spannende tiid – wêryn it wichtich is om sa no en dan te ûntsnappen oan de realiteit troch de rykdom fan de ferbylding op te sykjen – itte we de moedfearren net hingje. Tryater ûndersiket de mooglikheid om 1000&1 Nacht online te meitsjen. De repetysjes binne al yn folle gong, elts fanút syn eigen hûs.

En dêrom sille we ek mei Tryater Rûnom los. Dit is it ramt wêrbinnen we râneprogrammearring meitsje, meastal keppele oan foarstellingen. We hawwe der foar keazen om it aventoer oan te gean mei ynteresearre skriuwers. Yn de geast fan de fertellingen fan Tûzen-en-ien-nacht sille we nei elkoar cliffhangerje, ferhalen skriuwe yn in soarte fan ramt-feuilleton om dysels út dyn karantêne hollereizgje te litten.

Troch dy op te jaan foar dit skriuwaventoer giest werom yn de tiid. We sille ferhalen skriuwe mei pinne en papier. Do komst yn in ketting fan skriuwers dy’t nei elkoar koarte ferhalen stjoere om de nacht troch te kommen. Gewoan fanút dyn eigen hûs en de postboade bringt de ferhalen rûn. De ketting fan ferhalen sirkulearje yn de moannen april en maaie. Sadree’t der in slúf mei ferhalen by dy op ’e matte leit, hast trije dagen de tiid om in ferhaal te skriuwen foar de folgjende skriuwer. En dat mei fansels yn dyn eigen memmetaal.

Meidwaan? Jou dy dan op foar 17 april troch in mailtsje te stjoeren nei Sytse Jansma (s.jansma@tryater.nl) Dêrnei krijst fierdere útlis.
Kosten: in slúf en in postsegel

Klik hjir foar mear ynfo oer de foarstelling.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Abonneren op
guest
0 Reacties
Inline Feedbacks
View all comments