Anne Feddema

Tiden hawwe tiden

logo.ensafh

Yn in tiidsbestek fan in pear wike is sawat alles om ús hinne mear as yngeand feroare.
Der sille grif minsken wêze dy’t op it stuit in deiboek byhâlde om letter noch ris te lêzen wat der allegear barde, hoe en wannear en wêr. Wer oaren dogge  fuortendaalks in graai nei likes en pleatse har prakkesaasjes op Facebook of hingje de blogger út mei filmkes en al.
Ik haw dan mar moai…of net…in kollum, in poadium…noch wol, je witte it nea en binne dit myn lêste rigels, dy’t publisearre wurde sille.
Sneon fjirtjin maart begûn it op te fallen  dat der feroaring yn ’e loft siet ek by ús yn ’e buert.
De jager-samler mienskip wie losslein en kloften minsken wienen op ’en paad om by boarnamerfollen húskepapier yn te keapjen of yn te klauwen of griente efter glês…HAK je wat…dan kak je wat, no? Sei ús heit gauris…je witte wat der mei bedoeld wurdt mar ik kin it yn gjin inkeld etymologysk wurdboek werom fine. En dan haw ik it ek noch bewurke. Mar ik bin al wer fan it paadsje rekke lêzers. Op strjitte kaam ik in mantsje tsjin dat beide earms fan mul oant kin fol hie, mei roltsjes sabeare Mariakaakjes, it goedkeapste soart sa te sjen, dy’t as jo dêryn fersjitte har drûge kromkes tegearre mei de Koroanabaksillen ienfâldich prústend úthoastje litte. Salang’t it dan mar thús is en mear as oardel kilometer by my út ’e buert.
Efterhelle aktualiteit, kin eins net mar yllustrearret wol wat der op it stuit oan ’e hân is.
Je kinne jesels better fêstbine op in liveblog fan in krante of nijsstjoerder, want nei in pear minuten lizze de saken der alwer hiel oars by. Wat hawwe we dan nedich yn dizze tiden.
Hoe slim ek…ik hoopje dat minsken har gefoel foar humor en ek foar ‘foute’ grappen net kwytreitsje. Sike grappen…Sick-jokes, hawwe in sûne wurking foar minsken. Mei in djoer wurd hjit dat: Apotropeysk en dêrmei beswarre je it Boaze Each of in flok. Rommer besjoen…knyflok soe helpe om fampiers by de foardoar…of achterdoar…wei te hâlden.
Mei oare wurden: minsken mei sike Koroanagrappen binne net samar fout of ferkeard.
Hja wolle sa it firus op ôfstân hâlde en fine it fansels nét in grapke en winskje it…oer it generaal…gjin ien ta.
Yn alle gefallen hâld ik de sike grappen net tsjin. Oan ien wei troch popuppe nuvere en sike prakkesaasjes yn my op mar ek eale en ferheven tinzen. Mar wat foar de ien ferheven en helder is, is foar in oar miskien wol tsjuster en leech-by-de-grûn. Ik wit ek net hoe’t guon saken yn myn kop wurkje. In soad minsken rekken besmet doe’t se op wintersportfakânsje yn Eastenryk wienen…as risseltaat…besmettings yn Nederlân…strangere maatregels út de oerheid wei…it folk keapet bergen húskepapier…tadaa!…by my wurdt dat dan: APRÉS SKYTPAPIER…ik kin der ek neat oan dwaan. Ik bedoel mar…skriuw Pandemy as Panda Mie en it wurdt wer wat hiel oars. Leave lêzers ik hâld fan jimme en bliuw sûn.
Gjin grappen.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Abonneren op
guest
0 Reacties
Inline Feedbacks
View all comments