Blog Ypie Bakker: Bûthús fervje

logo.ensafh

Oanstutsen troch de klusgekte om ús hinne betinke man en ik dat wy dat nije rollûk no ek mar ris ophingje moatte. It yninoar sette, opmjitte en foarboarje fan de gatten giet as it slydjaget, mar as man my freget om fan binnenút de lamellen mei de koarde omheech te lûken wylst hy bûten de behuzing op it kezyn montearret, giet it mis: ‘Toe mar, goed oanskuorre!’ ropt er my fan bûten ta en ik skuor fansels fierstente fûl.

De rôle mei lamellen ferdwynt yn de keunststoffen kap. Der is gjin beweging mear yn te krijen. De kap sit mei klinknagels yninoar, dat útinoar helje is gjin opsje.
We wrakselje de hannen yn de smelle iepening fan de keunststoffen bak en besykje hânmjittich de lamellen in slach te draaien, ûnderwilens prottelje we wat ôf:

Lês fierder by Ypie Bakker

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *