Jaen

Grutsk in Fries te wêzen

logo.ensafh

It wie ien fan dy simmers dat wy
mei alles wat wy noadich hiene
achterop bûn op in sneontemoarn
neiwiuwd troch besoarge memmen
mei-inoar dat útsetten nei Harns

It wie ien fan dy simmers dat de
ierappels noch bloeiden en it weet
op it lân stie doe’t wy mei de boat
oergiene en de grutte bungalow-tinte
– dy’t wy by de skuonmakker hierd
hiene – opsetten op kamping Nij-
Formearum mei help fan in
optrommele omke dy’t foar de
wissichheid it wurd Durex
mar ris falle liet

It wie ien fan dy simmers dy’t foar
ien fan ús de lêste of de ien nei lêste
wurde soe, mar dat wist nimmen noch
op Radio Fryslân ien it hie oer in
brutsen kaibonke en Le Jop Zoetemelke
wer twadde waard, ien fan ús blierren
as aaien op ’e rêch hie fan ’e sinne en
dokter sei: moatst mar goed drinke

It wie ien fan dy simmers dat der
fammen fan it Bilt wiene dy’t Freule-
winner Joop Bierma goed koene en
heiten hiene mei pôlen hektares en
jonges oet Twente dy’t as se út ’e
kroech kamen nei Easterein fytsten
om in geit te melken en stoet ieten

It wie ien fan dy simmers dat wy
– nei’t wy miskien nei de Boschplaat
west of midgetgolfd of in sorbet iten
hiene, want sa wiene wy ek noch wol –
op luchtbêden leine of sieten op in
op ’e kant setten kratsje, dat ien fan ús sei:
ik bin der grutsk op dat ik in Fries bin

en dat wy dêr allegear, oer de râne
fan ’e hals fan in fleske hinne,
wat om laitsje moasten, hysels ek

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op