Giny Bastiaans

Leafde yn tiden fan Koroana

logo.ensafh

22 Maart 2020

Juster woe ik it ynienen net mear leauwe. Dit kin dochs net wier wêze? Dit moat sa’n nachtmerje wêze, dêr’t ik mei eefkes troch de keamer te rinnen, bytsje wetter drinke, wer út stap en mei in sucht fan ferlichting fêststel dat it mar in dream wie?
Nee, dit is echt. Stjerrende wier! It Koroanafirus komt tichterby!
Fan de iene dei op de oare it hiele libben op ’e kop!
Yn ien kear dien mei ús moaie frije libben. En dat dat in prachtich en frij libben wie, kringt no pas goed ta my troch.

Kom, lit my der mar efkes út gean, betocht ik. Miskien dat dat it koroanameunster yn myn kop op ôfstân bringt. Tiid om no einlings dat gleske wyn, ôfpraat mei de krystdagen, by G. en Y. te heljen. Ik sjoch har beide sitten as ik it paad op rin. Mar ferhip, it is ommers net de bedoeling dat ik dêr yn ’e hûs gean. We swaaie wat nei elkoar en dat is it.

De oare deis boadskippen yn ’e hûs helje. Doarpsgenoaten dy’t ek hastich troch de winkel rinne, rop ik út ’e fierte wei sûnens en lok ta. As wie it Nijjiersdei. Nij is it wol, mar sûn? In grouwe man bonkt tsjin my oan as er nei de kofje grypt. “Jo komme te tichtby,” flibet er. Fan skrik wriuw ik my yn ’e eagen. Mar dat moat ik ommers krekt net dwaan?
De pinkoade yntype? Mouwe oer de hân en dan sa mar type. Thús mar wer goed lang hanwaskje. Boadskippen yn ’e kast. Noch in kear hanwaskje. Ik lykje wol ien mei smetfrees. En dat bin ik no ek.
Hoe binne wy hjir yn bedarre? En wannear komme wy hjir oait wer út?

It hiele barren skuort je hinne en wer fan it iene gefoel nei it oare. Soan J wurket yn Amsterdam oan it Koroanafront. Ik sit oer him yn. Hy bellet en seit: “Mem hoecht der net oer yn te sitten, ik ha it ferline wike al hân. Ik sit al yn de ymmuniteitsgroep en bin al wer oan it wurk.” De kûkert, ik hie al oan him heard dat er slim ferkâlden wie, mar net dat er Koroana út Napels yn ’e hûs helle hie.

It iene momint nimst it sa’t it komt en tinkst stikem: “Wow, wat in see fan tiid ha ik no om kreatyf dwaande te wêzen. Dan wer wâlet dy tsunami oan soarch wer omheech. Hoe komt it mei famyljeleden dy’t net sterk binne, hoe komt it mei allinnichsteande freondinnen, freonen?
En ik hear sels ommers ek by de risikogroep… En noch net by de ymmuniteitsgroep… En ik wol in oar net oanstekke. Fan mysels bin ik in âld oankrûper en tuter. Kom op, efkes in pear earms deromhinne slaan en wang tsjin wang. Kin net mear. Hâld dy yn! Dat is wennen.
In pear dagen ha ik yn ferbjustering libbe. Doe kaam de ferlossende kreativiteit dwers troch de tsunami hinne wer boppe. We móatte wat dwaan!
Belje, appe, skype, en alderwetske brieven skriuwe. Ja, dat kinne wy dwaan.
Mei ús koar bûten foar it ferpleechtehûs sjonge? Dogge we toch mar net. Op oardel meter fan elkoar sjonge, nee, dat wurdt neat. Dan wurde wy solisten, en sa goed binne wy no ek wer net. En sa in groep foarmje? Moat mar net.
Mar God, wat freeslik at je net eefkes by ien om it hoekje sjen kinne yn it ferpleechtehûs. Benammen at je mem of heit noch yn de faze is dat se je noch kenne. Hoe lang sil dit duorje en silst noch werkend wurde ast nei in skoftsje wer komme meist? Koroana is slim, mar iensumheid ek. En wêr wurdst no siker fan?

Bringt it Koroanafirus foar elk in soad soarch, twifel en ûngemak, foar mysels brocht it ek hiel wat oars. It gelok dat ik dit net allinnich hoech troch te meitsjen. Living Apart Together is nammentlik foar my en foar him feroare yn Libje As Twatal. Want, wat twa drokke aginda’s en ôfstân earder net mooglik makke, docht Koroana dat ynienen wol. Bringt it dochs noch wat goeds. Foar twa leden fan de risikogroep.

Troch Koroana is it hiele ritme fan de dei, de wike, de aktiviteiten fuort. Moatst in nij ritme fine. Dat is in útdaging en dat is in nije relaasje sawisa ek. Tinke je dat je elkoar yntusken wol in bytsje kenne, – mar leafde hâldt in mins ek wol wat blyn – , troch dizze krisis falle de skellen je wol fan de eagen. Learst elkoar neffens my yn krisistiid pas echt goed kennen. Mei-inoar nei it teater gean of út iten is gjin keunst. Mar sa’n krisis as dit, hoe oerlibbet in nije relaasje dat? En sil dy dat oerlibje? Want, hoe giet de oar hjir no mei om? Ik bin in bangeskiter. Dat wist hý noch net. Mar no dus wol. Hý is net fan dat benaude. Dat komt dus moai út. Mar net altyd. Want wat as hy dóchs dy wichtige gearkomste trochsette wol? ‘En wêrom soene wy dat,’ seit er, ‘sittend op ôfstân fan elkoar nét dwaan?’ seit er. Dêr kin ik wol in pear redenen foar opneame. Hy sjocht der gjin euvelmoed yn. En as ik dan myn lêste wapen yn ’e striid smyt en sis dat hy dan dêrnei mar yn syn eigen hûs bliuwe moat? ‘Want ik wol dat firus hjir net yn ’e hûs ha?’
Oei, dûbele krisis.
Mar it kaam goed. Tuerlik.
De leafde is dochs sterker. Benammen yn krisistiid.
Leafde yn tiden fan Koroana, sis ik Gabriel Garcia Marquez nei.

 

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Abonneren op
guest
2 Reacties
Inline Feedbacks
View all comments
Afke Toren
23 dagen geleden

Ik schrijf masr in het Nederlands…want zo denk ik nou eenmaal.Ik vind het mooi hoe je je gedachten deelt.Een aantal vriendrn van mij zitten op jouw lijn.Ik zit meer aan de kant van jouw lief.Heb me zeer afgesloten van alle nieuws rondom corona.Eenmaal per dag het nieuws vind ik voldoende.Voel me zeer betrokken bij de Zorg en bij de mensen in de Verpleeghuizen.Zal geen oordeel over het beleid uitspreken ……toch heb ik vanaf de start er een vreemd gevoel bij.Er is veel angst gezaaid en onrust …en dat was niet nodig geweest.Er is veel onrecht in het geheel en veel… Lees verder »

Jan Ate Mulder
Jan Ate Mulder
20 dagen geleden

Moaie Kolom Giny, mar ek sa bekind foar my en werkenber.
Komt goed. Leafde oerwint it korona.
Is tink ik in goed vaccin??
Wy komme de tiid wol troch.
Leaf.