Ik bin gjin held. Jo krije my net op sa’n slydsje, bungy jumpe en berchbeklimme, parasjutespringe, wyldwetterkanofarre, motorfytse, ik doar it net. Om mar net te praten oer dragrace, superbikes en Formule 1 mûnsters.
Sa gek krije jo my net.
Ik bin gjin Icarus, dy’t mei byinoar nifele flerken tinkt fleane te kinnen. Dat fleane allinne mei in spesjale masine kin wit ik al sûnt jierren. Ik lústere nei it radioharkspul Brilstra’s Bromvlieg. Oer in man dy’t fan in simpele brommer in soarte helikopter makket. Dat wie science fiction, dat koe net bestean.
Dat guon dingen net kinne wolle guon lju net leauwe. Yn it boek De vogelmens (1995) fan Leo Valentin wurde tal fan persoanen beskreaun dy’t Icarus-eftige eksperiminten úthellen en dea delfoelen: û.o. Vassard en Bolhelm.

De parasjutist Vassard mei syn wjukken, dy’t er nea probearre hat. Koart nei dizze foto sloech er te pletter

De Switserske parasjutist Bolhelm mei linnen wjukken mei swiere baleinen, dy’t nei in ûngelokkige lâning syn dea betsjutten.
Mar Leo Valentin set troch, siket út hoe’t je bewege moatte om as parasjutist goed del te kommen. Wylst besiket er om mei grutte houten hannen en in sweefpak langere sprongen te meitsjen. Dat slagget ek. Yn 1954 sylt er fiif kilometer troch de loft, foar’t er de parasjute brûkt.
Yn 1956 sil er itselde keunstke yn Ingelân úthelje, mar klapt er mei sa’n houten hân tsjin it fleantúch, hân midstroch. Om syn hachje te rêden lûkt er oan de koarde fan de parasjute, mar dy wegere tsjinst en ek Valentin koe allinne noch hoopje dat syn lêste flecht nei de himel, minder ûngelokkich ferrinne soe.
Prachtich boek foar in eangsthazze as ik. Al dy gefallen fan wegerjende parasjutes en fleanpakken sizze my dat ik der ek nea oan begjinne moat.
Sjoen it tal deafallende springers yn dit boek, is de opdracht foaryn myn twaddehâns eksimplaar in sinysk grapke: ‘Joop! Voor je verjaardag, je instructeurs en vlieger Bob Rienks’, mei in stimpel fan it Paracentrum Texel.









