Geart Tigchelaar

Lêze yn koroanatiden

logo.ensafh

Ear’t alle ellinde begûn mei de koroanakrisis wie der lichte opskuor yn it literêre wrâldsje fanwegen it boekewike-essee fan Özcan Akyol, mei de titel Generaal zonder leger, dy’t de boel ris opskodzje woe. Hy fynt dat skriuwers te folle oer harren eigen soares skriuwe, wat oars net is as dat hja lije ûnder in gluten-yntolerânsje. Skriuwers fan no hawwe net echt wat belibbe, hawwe gjin bagaazje om sa te kommen ta wurken dy’t fierder rikke as harren bewijrikke bubbel. ‘In hemelsnaam, laat desnoods een oorlog uitbreken, geef ons armoede en ontberingen. De literatuur zal er flink bij gedijen. Eens kijken of een schrijvertje begint te zeiken over zijn glutenintolerantie als hij in loopgraven een polemisch pamflet moet tikken tegen een misdadig regime. Nee, dan wordt hij vanzelf een generaal, met leger.’ (Akyol, s. 63-64).
Los fan de fragen oft Akyol no al of net gelyk hat en hoe goed ûnderboud en skreaun oft syn essee is, soest tsjintwurdich úthâlde kinne dat alle skriuwers yn Nederlân (en dêrbûten) foer hawwe om oer eat oars as in allergy te skriuwen. Myn fraach yn dit stik is net sasear oft soks daliks goede literatuer opsmyt, mar mear oft men ferlet hat fan sokke literatuer. It is nammentlik sa dat ik net daliks entûsjast bin oer wat der oant no ta skreaun is dat ynspirearre is troch de koroanakrisis. Sa frege ek Koos Tiemersma him op Facebook lûdop ôf oft der al in faksin tsjin koroanagedichten is.
De fraach dy’t ik behannelje wol en dêr’t ik net daliks in andert op sykje, mar dy’t ik jo as lêzer eins stelle wol is oft der ferlet is fan soksoarte literatuer. Hawwe wy ferlet fan literatuer dy’t ien op ien fan tapassing is op ús belibbingswrâld, hawwe wy ferlet fan literatuer dy’t engazjearre is, dêr’t wy yn meigean kinne, fragen oer hjoed oproppe en faaks sels mei antwurden komt oer hoe’t wy fierder moatte.
De pest út 1947 fan de Frânske skriuwer Albert Camus stiet sadwaande ynienen yn de saneamde Besteller60. It boek is treflik oersetten yn it Frysk troch Syt Palma. De roman giet oer in pestútbraak yn Oran (doedestiids in koloanje fan Frankryk). De stêd wurdt yn karantêne setten, de hiele mienskip komt stil te lizzen. ‘Yn mar in pear dagen tiid wie it tal deadlike gefallen omheechflein en de minsken dy’t har dwaande holden mei de frjemde kwaal beseften wat langer wat mear dat it om in wiere epidemy gong.’ (Camus, s. 34). Mei lichte oerdriuwing kin men úthâlde dat it boek sin foar sin op ús hjoeddeiske situaasje lein wurde kin. Lykwols is it boek sa net bedoeld. De ûndertitel Allegory fan in beset lân en dat it boek krekt nei de Twadde Wrâldoarloch ferskynd is, sizze genôch. De skriuwer hat dus in oare bedoeling hân, mar dat de lêzer fan no der in parallel yn sjocht mei ús hjoeddeiske situaasje kin likegoed, want it is altiten de lêzer dy’t betsjutting jout oan wat de skriuwer makke hat. Dat de skriuwer sels in oare betsjutting foar eagen hie, hat de lêzer koartsein gjin boadskip oan. Elk lêst út syn eigen persoanlik perspektyf wei en filteret alles wat er lêst, sjocht en heart troch dat yndividuele filter en jout sa in eigen betsjutting oan ’e dingen dy’t by him of har binnenkomme. Sa kin immen folslein rekke wêze troch de poëzy fan likefolle hokker dichter en in oar kin der hielendal neat mei. It ferskil no is dat wy allegearre yn itselde skûtsje sitte en wy ús dêrom allegearre wat by de roman De pest foarstelle kinne.
Der binne grif ûndersiken dy’t oantoane dat yn ellindige tiden minsken mear betsjutting lizze yn de dingen dy’t om harren hinne barre. Dat ferklearret wêrom’t bygelyks de ‘Letter&Geest’, it literêre katern fan de Trouw op saterdeis, in tal besprekken befettet dêr’t yn neamd wurdt dat in boek just yn koroanatiden sa tapaslik is. Oer it boek Wittgensteins minnares fan David Markson: ‘Onlangs verscheen er een Nederlandse vertaling van het vertalersduo Erik Bindervoet en Robbert-Jan Henkes, onbedoeld perfect getimed nu de coronacrisis ons land in zijn greep houdt.’ (Trouw, s. 26). Boeken krije fansels mear betsjutting wannear’t de lêzer him mei de haadpersoan of in wichtige byfiguer identifisearje kin, mar itselde jildt foar de setting fan in boek. It kriget sa ûnbedoeld mear lagen, it wurdt mear as in maklik lêsber boek dat men inkeld foar ûntspanning lêst.
Mar is dat daliks in oprop oan skriuwers om fral te besykjen relevante boeken te skriuwen om sa in generaal mei in leger te wêzen? Moat alles drekst in fierrikkende betsjutting hawwe, moat in lêzer perfoarst oeral betsjutting yn lêze? Wol in lêzer – just yn sa’n tiid as no – net domwei ferdivedearre wurde? Him/har ferlieze yn in wrâld dy’t net sinent/harres is? Is it net sa dat mei dat niisneamde filter in lêzer, as dat no bewust of ûnbewust is, likegoed sels betsjutting jout oan in tekst? Hoe bewust moat in skriuwer him op syn bar wêze fan de lêzer? It soe pretinsjeus wêze dat hy/sy wit wat de lêzer beweecht en wat dy lêze wol. Moat in skriuwer net simpelwei skriuwe wat er wol, it is dan oan ’e lêzer om te lêzen wat hy/sy graach wol. En no wer myn fraach: wolle jo yn dizze tiden krekt graach in ferdivedearjend boek lêze, dus efkes ûntsnappe oan ’e realiteit, of hawwe jo no ferlet fan in boek dat mear biedt as allinnich ûntspanning, dat wol sizze op de ien of oare wize oanslút by de aktualiteit of dy direkt ta ûnderwerp hat?

Akyol, Özcan: Generaal zonder leger (Stichting CPNB, 2020).
Camus, Albert: De pest oersetten troch Syt Palma (Elikser, 2013) [e-boek].
Trouw: Letter&Geest (28 maart 2020).

Foto: Geart Tigchelaar

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Abonneren op
guest
1 Reactie
Inline Feedbacks
View all comments
josse de haan
josse de haan
26 dagen geleden

Yn DE GROENE fan 26/3/’20 haw ik reagearre op Aykol syn boekje en sis as lêste yn myn stikje: ‘Ik neem aan dat Aykol op veel plaatsen zijn neus heeft gestoten, zodat die neus zijn groene(!) inhoud in het boekje heeft verspreid’. De titel fan myn bydrage is: Elitaire boekhandelaar.