Lomme Schokker

Simmersliep

logo.ensafh

Tsjintwurdich dream ik fan bleate kapsters op stiletto’s mei izeren noazen midden yn in see fan donkerblauwe mûlemaskers. Ik dream oer in lange lege sikehûsgong ûnder wyt TL-ljocht mei doarren oan wjerskanten dy’t ik net iepenje doar. Dreamde oer ús heit yn syn populierenhouten deakiste sûnder deksel yn it ôfskiedshûs oan de Cissy fan Marxveldtleane.

En ik dream fan Tiny Mulder dy’t ik langút mei har skonken oan wjerskanten fan myn kroade útsutelje yn bûtenbuorren tusken Boazum en Boalsert. Se fertelt hoe’t se altyd al yn in hûs wenje woe mei de foardoar yn ’e midden en dan links in ljochtkeamer om te skriuwen en rjochts de pronkkeamer om op winterjûnen Skandinavyske skriuwers te ûnderfreegjen oer wat bern moarn te lêzen hawwe moatte.

Op de frjemdste tiden fan de dei komme bylden nei boppen fan plakken dêr’t ik west ha. Ik waskje de auto en ik sjoch oare kant de Mildamster brêge yn de fierte de Giele Bosk, dêr’t omke Wolter en syn maten yn ’e oarloch alliearde piloaten ferburgen. Ik leau dat ik in protter yn de bûkehage bewegen sjoch en ik bin werom yn de Zoo fan Antwerpen om foar soan en dochter puntpûden patat mei klodden mayonêze te keapjen. It skatterlaitsjen fan beppesizzers by de buorfrou yn ’e tún en ik sit wer ûnderút sakke yn in Adirondackstoel fan in hotel yn Vermont om op myn wrâldûntfanger te harkjen nei it ferslach fan de heale finale wedstriid tsjin Dútslân yn it fuotbalkampioenskip fan 1988. Dy’t wy wûnen.

Fan ’e moarn by de kwark en de kruesli en in ûnripe banaan fertel ik myn frou skruten fan myn tanommen eangsten. Och, hoe synysk wriuwt sy my myn Weltschmerz fierder yn mei it relaas fan har lêste farske dream hoe’t ik neaken mei rjochtoerein steande fallus op in brânsteapel bûten Valletta yn de fik stean fanwegen myn obsene berjochten oer Malteeske moraalridders.

Wylst ik dit skriuw sjocht sy op Mezzo nei de Jehannes Passy fan Bach en fan de weromstuit krij ik op myn netflues mislik meitsjende bylden fan bange bern foar de ûnen fan Auschwitz-Birkenau.

Fjoer en flammen en ik bin as in laam sa lyts en warleas. Wat dogge dizze ferdomd frjemde dagen mei ús, mei my? Wat kin ik yn ’e goedichheid skriuwe as sokke saken sûnder logysk ferbân har ûnfertocht de godgânske tiid oan my opkringe? Oerdeis kin ik it measte reedlik relativearje, mar nachts fielt it dat óf myn geast óf myn siel óf beide my mei de minút fêster neilje oan in needlot dêr’t ik net oan ûntkomme kin.

No krige ik krekt in mailtsje fan Cornelis dat wy fan juny oant augustus fan him wer frij krije fan it Ensafh kollumskriuwen. Trije lange moannen sûnder bestimming, sûnder aginda en sûnder ynhâld. Mooglik moat ik fan ’t simmer foar myn blog – dat oars al moannen lang ynfektearre is troch Sineeske viagraferkeapers – foar de feroaring de labyrintyske gedachten beskriuwe fan ien dy’t al te lang finzen sit yn ûnderstelde midsmjittichheid. Yn ôfmjitten ferhaaltsjes fan 250 wurden.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Abonneren op
guest
0 Reacties
Inline Feedbacks
View all comments