Jacobus Q. Smink

nei desimber

logo.ensafh

ja en doe naam se de túchflecht
fan de sânerij nei âld-nij kontinint ta
en liet se skand’ en skamt’ efter har
yn ‘t dûnker bakbana-r.i.p., sa swart

de tsjustere boem, de blaka rosu
krige in fleanpapieren blêd fan ien
flikker op myn jong en har jonge
krige in leffe heit fan ‘t karakterleas

sân, as heiteleas bern op frjemde
wetten oanwiisd kaam lokkich letter
in soan fan d’ouwe bard foar him op;
lit dy no goed en frysk kinne, pyt pel

syn fan, dy dielde fijne daisy koekjes út
en holp har mei ferverij en behang
joech skruten plato-leaf ynearsten
want man, sa pik as in pyt wie hja

foel foar bytsje belle syn blau each
learde it riden yn in himelse mazda
mei houten bezinedop en slim ûnder
har kinnen krige se papieren foar it nij

âldlân en dat makke har wakker blij
want ommers earst sa bang foar de
sloarmen en skobbejakken brûns en
boef, te witten it wrede kabouterse

3 reaksjes op “nei desimber

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *