Henk Nijp

Kreatyf kompleks

logo.ensafh

Us doarp is segene mei in treinstasjon. Gewoanwei kinne wy hjir wol sa’n fjouwer kear yn ‘e oere weikomme. Op it stuit is dat wat minder fanwege firusfratsen, mar hoe yntelliginter oft wy dy ôfbouwe hoe earder oft de wenstige skema’s wer tapast wurde sille. Rutte cs. dogge harren bêst, mar wy binne der noch net… Mar no komt der de hiele dei troch in stim út ‘e perronlûdsprekkers dy’t hieltyd wer meidielt dat de gewoane fertrektiden net mear jilde en dat der oanpassingen binne fanwege koroana. Dat sil wol sa moatte fan ‘e direksje mar net ien heart it mear.
Oan de noardkant fan it stasjon leit by it spoar lâns in moai lytsskalich folkstúntsjeskompleks. De minsken dy’t dêr oan it wurk binne slane allang gjin acht mear op dy meidielingen fan de spoarjuffer. Se ha wol wat oars oan ‘e holle, want de tún moat klear! Guon binne der net wei te slaan, mar de iene hat dan ek in folle grutter stik bou as de oare. Mar it is yn elk gefal folle drokker op ‘e tunen as oare jierren. Opfallend binne de bousels dy’t ferspraat oer it túnkompleks steane. Der binne hokjes, kassen, broeibakken, plestik tunnels, kompostbakken, der is in sitsje kompleet mei parasol en soarte feranda. Want “na gedane arbeid… ensafh.” Der is sels in bousel dat wol wat wei hat fan it ‘tiny-house’ mar dan mei in glêzen dak en in knappe mar folslein dissonante foardoar. Alle materialen kinne by de bouwerij dus brûkt wurde. Der is bygelyks in grutte ‘broeikas’ dy’t opboud is fan sloopkezinen mei glês fan alderhande ôfmjittingen, mar mei ferskate passtikjes en planken is der dochs in min of mear kreas gehiel fan makke. Sels de bopperútsjes kinne iepen foar frisse lucht. Sa’n túnhobby stimulearret de kreativiteit blykber geweldich. Der lizze lapen lânbouplestik om it túch op te kearen mei in pear kreaze rigen gatten njonken elkoar dêr’t de ierdbeiplantsjes yn steane. In oare túnker hat in âld flierkleed oer klaai drapearre. Dêr komt echt gjin hynsteblom of jabiks-krúswoartel trochhinne!
Alle soarten beantsjestokken wurde der brûkt, bamboe, houten latsjes, tûken; as it mar lingte hat en net te tsjok is. Dy stokken wurde dan wer mei alderhande soarten tou en tried byelkoar bûn en yn ‘e grûn ferankere. It is wol moai te sjen hoe’t der oeral in oplossing foar fûn wurdt, wylst it allegear hast neat kostet. Itselde jildt foar de paadsjes tusken de ierappelrêgen en de tunen sels, alle soarten tegels en klinkerts en oare bakstiennen yn alderhande formaten lizze der yn de meast wûnderlike patroanen. Dat is ek it gefal mei de ôffredingen, alles wurdt der foar brûkt, fan rustige boumatten oant pleksyglês en grien nylongaas. It is fansels ek de sport om safolle mooglik opbringst te krijen mei sa min mooglik kosten en dan is it net bedoeling in protte jild oan datsoarte omballingen út te jaan.
De lêste wiken is der hurd wurke op de túntsjes. Wilens liket is measte wurk dien te wêzen; ien dy’t regelmjittich by it spoar delgiet koe hast alle dagen de feroarings sjen. Yn febrewaris kamen de earsten al del om de ekers wer ynoarder te bringen. Froast hat der kwalik west sadat der noch aardich wat grûnwurk fersetten wurde moast. De kluten binne fyn makke en grutte bulten rûge dong binne der oer de tunen brocht. Der is siedde, der is plante, der is skoffele, der is wetterjûn en folle net genôch. By de measte túnkers leit it der kreas by. Der binne ek in pear ‘rûge boeren’ by, it sjocht der dêr net út yn fergeliking mei de warbere buorlju. Wat sit dêr dan efter; gjin sin, gewoan fergetten, oare drokte, sykte, oare hobby? Wa sil it sizze…
No’t it sa yn en út wat waarmer wurdt en alles de grûn útbrûst wurdt it de grutste taak ien en oar by te hâlden wat ûnkrûd oangiet, want dat brûst oer it algemien noch folle hurder as it gewaaks dêr’t it om giet. En yn tiden fan drûchte moat der fansels wetterjûn wurde, in soad wetter. Mar it spoargat is djip, wetter genôch. En, alwer mei de noadige kreativiteit, is der in deeglik bjinstap boud dêr’t elkenien gebrûk fan meitsje kin.
Fûgels wurde besocht by it siedde guod wei te hâlden mei wapperjende plestikpûden en skriklint op prikken. Mar oft it helpt…
It dûbele boerd by it yngongsstek ‘Verboden voor onbevoegden’ helpt yn elk gefal net. Of alle

doarpsynwenners hawwe it foech krigen, mar dat berjocht heucht my net. Elkenien kuieret deagemoedereard oer dat túnpaad, sûnder soarch of noed.
De kommende tiid moatte de túnkers mar net te folle yn de folders fan de supermerken nei de oanbiedingen fan de seizoensgriente sjen, want faaks sakket de moed dan wol wat yn ‘e hakken. En no mar hoopje dat de slakken, rûpen, blêdhoantsjes, ierappelkrobben en oar skealik bisteguod op ôfstân bliuwe. Leafst op oardel meter…

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *