Anne Feddema

It lânskip yn myn hoal

logo.ensafh

It is jûntyd en ik gean nei myn hoal. It Sancte Snoarksanctorum. Mar it is wis noch gjin tiid om yn ’e earms fan Morfeus te lizzen.
Nee hear, ik ferdwyn gewoanwei yn myn mobyltsje.
Sa sit dat. Ik ynstallearje mysels op bêd, om my hinne de attributen dy’t ik nedich haw.
Bakje tee…koeke…flesse Sodastreamer, ik bin in modern minske en yn it wykein, want it moat fansels net té mâl wurde, wat fretterij en in blikje fris. Koala…wàt in koala op bêd? No moatst ophâlde, no kola dan mar. Koala mei fan Henk Wolf mar dy is net yn’e buert, want ik bin âld beppe net. Dat is wer in oar ferhaal, in mearke sels.
Slop âldehoere kin ik wol, as gjin oar sels…dat is algemien bekend, want it stie okkerdeis yn’e krante.
Wêr wol ik hinne? Ik lis ommers op bêd en ik kin net in soad kanten op. Ik oanbid de hillige Netflix…ik kin net oars. Myn mobyltsje op syn kant breedbyld miny, in wrâld op himsels. Ik wurd opnommen yn ’e ferdivedaasjehimel.
Sa sjoch ik fan alles en noch wat foarbykommen.
Ek in soad audiofisueel ôffal, kin ek net oars.
Lêsten seach ik de film Jaws II nochris. In film dy’t as ferfolch makke is op it kassukses, blockbuster, Jaws fan wûnderbern Steven Spielberg.
De film is út 1978 ûnder rezjy fan Jeannot Swarc, benammen in tv-searjeregisseur… Kojak…Baretta…Columbo…Ironside…letter…Ally McBeal en Grey’s Anatomy.
En no ek al yn ’e tachtich…hoe âld is Spielberg …73 sjoch ik. Hawar…de film. It is werklik in ferhaal fan neat…Haai…Haphap…Minskefleis…Panyk…Heldere Held…Exit Haai. Jaws fan Spielberg is in byldhouwurk, produkt fan skerp úttekene stúdzjes en filme sênes. Dat is II perfoarst net. Mar wat opfalt of lit ik it better sizze: wat my opfoel…is dat de see hjir de haadrol spilet. De skittering it ljocht en de wolkens…fiersichten fan in grutte skientme en hast taastber. En dat alles te belibjen op in skermke fan in mobyltsje…op bêd. Netflixhearemyt yn Ieren en sinen. Dan hawwe we it noch net iens oer YouTube of al it oare hân dat der te sjen is.
Ik dream hast altyd oer wat ik krekt foar it sliepen gean sjoen haw…of lêzen, want dat doch ik ek noch hear…en nee net allinne ûndertitels.
Nei’t ik Jaws II seach dreamde ik oer ûneinigens en skomjende weagen, myn lea sûnder gewicht, dobberjend en it wie sá stil…hearlik…op bêd yn myn hoal…sûnder soundtrack…gjin John Williams…grutter gelok kin in minske net ûnderfine.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *