Oersetting E.E. Cummings, ‘earne dêr’t ik nea omreizge haw,blierkjend foarby’

logo.ensafh

 

 

earne dêr’t ik nea omreizge haw,blierkjend foarby
elk wjerfarren,hawwe dyn eagen harren stilte:
dyn fragylst gebeart sitte dingen yn dy’t my omslute
of sa tichteby binne dat ik se net oanreitsje kin

dyn minymste blik ûntslút my mei gemak
al haw ik mysels as fingers sletten,do iepenest
my hieltyd blomblêd foar blomblêd as Maitiid
(mei handich,heimich oanreitsjen)har earste roas

Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek

1 reaksje op “Oersetting E.E. Cummings, ‘earne dêr’t ik nea omreizge haw,blierkjend foarby’

  1. …jawis en seker wer knap stik oersetwurk ha it op myn FB klapt hasta&hails út de Wâlden…

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *