Teleks: Rimmer Mulder “Minsken moatte sels wat dwaan om it Frysk in takomst te jaan”

logo.ensafh

Der komt takom jier in brede maatskiplijke diskusje oer it brûken fan it Frysk. De diskusje soe eins dit jier al úteinsette mar troch de cornonakrisis is dit foarearst útsteld. Doel is dat der begjin takom jier earst in proefjûn organisearre wurdt mei jongerein oant tritich jier. As de proef oanslacht dan sille der mear diskusjejûnen op priemmen set wurde.

Rimmer Mulder is foarsitter fan de organisaasje Brede Maatskiplike Diskusje Frysk. Hy leit út wêrom’t sa’n diskusje nedich is. “Oant no ta wurdt der foaral yn beheinde romten diskusearre oer it Frysk. Wy wolle graach dat mear minsken harren bewust binne fan hoe’t it Frysk der foar stiet en mei ús meitinke oer wat wy mei de Fryske taal wolle yn de takomst. De opjefte dêr’t wy foar stean, is om hjir mear minsken by te belûken en bewust minsken op te sykjen dy’t hjir ynteresse yn hawwe. Sa hoopje wy de diskusje op gang te bringen. It doel is bewustwurding.”

Lês fierder by Omrop Fryslân

2 reaksjes op “Teleks: Rimmer Mulder “Minsken moatte sels wat dwaan om it Frysk in takomst te jaan”

  1. Ut de iepening hjoed fan it Friesch Dagblad blykt dat earst 30 minsken tusken de18 en 30 jier út Trynwâlden en omkriten oansocht wurde sille om mei te praten. As dat slagje wol, dan kin ‘t wêze dat noch mear doarpen besite krije fan de BMD. Mar mei in ‘brede maatskiplike diskusje’ hat soks fansels neat te krijen. De heale Fryske maatskippij mei net meidwaan. En dat ‘jongere’ minsken minder mei it Frysk hawwe as ‘âldere’ minsken witte wy al sûnt op syn minst de sechstiger jierren. Unthuljend binne ek de opmerkingen fan Mulder yn de kantline: dat it Fryske taalbelied oars sa djoer is en sa’n bytsje opsmyt (wa seit dat?) en dat Ljouwert ‘geen Friestalige stad is’ (30 persint praat Frysk). Men kin dit net samar gewurde litte. Dizze Smelle Net-Maatskiplike Gjin-Diskusje oer it Frysk sil links- of rjuchtsom ynfloed krije op belied. Dêrom is it belangryk dat de ûndersykspopulaasje – sa neam ik it no mar efkes ek al giet it hjir dus dúdlik net om wittenskiplik ûndersyk – represintatyf is foar de Fryske befolking. As dat net bart, kin der gjin praat wêze fan goede bedoelingen. Dan is dizze ‘BMD’ gewoan propaganda, dy’t tsjinje kin om aansen it Frysk ûnderwiis noch fierder yn te koartsjen. Ik soe sizze: skriuw, protestearje, lit witte dat jim eigen kultuer fierder giet as fan 18 oant 30 of fan njoggen oant fiif.

  2. DE BREDE MAATSKIPLIKE DISKUSJE OER IT FRYSK: ,,DAN HOEGE WY DER NET MEAR OAN TE LUKEN”

    Rimmer Mulder en Willem Verf oer de mooglike útkomsten fan har ûndernimmen:
    ,,It is ek mooglik dat bliken docht dat Friezen yn mearderheid gjin sin hawwe oan bewuster taalgedrach. Dat wy inoar soks yn de dialooch earlik bekenne. Konklúzje: dan hoege wy der net mear oan te lûken en wurdt it Frysk wierskynlik stadichoan wei.”
    Dat stiet op de BMD site ûnder ‘Wat wolle wy’. No efkes rekapitulearje. M. en V. tinke takom jier hjir en dêr ris mei espeltsjes útsochte minsken ûnder de 30 te praten oer it Frysk en sa. Yn wat doarpkes. Mei wat lju dy’t bern ha of noch krije sille. Want dy lju ha de takomst. Jo en ik net. En as dan út it faderlik praat bliken docht dat de útsochte âlden of briedmasines yn spee ,,der net folle mei hawwe”, sjuch dan boppesteande alinea.
    Wûnderbaarlik dat M. en V. tinke dat it sa wurket en dat se oan sa’n werklik achterlik opsette ûndersyksoperaasje (bedroch) de konklúzje alfêst ferbine doare, dat yn dát en dát gefal ,,wy der net mear oan hoege te lûken”.
    Tinke M. en V. dat wy op ús achterholle fallen binne? Dat minsken it lot fan har taal yn hannen lizze sille fan twa âlde mannen dy’t wurch binne fan it wurd ‘Frysk’, om’t se har hiele libben der net yn slagge binne om dat wurd fan syn Janpoepsplak ôf te krijen, de iene woe dat trouwens ek hielendal net en de oare hie in kâns om wat te betsjutten doe’t er yn de Steaten siet, mar dat joech ek gjin stoffe ta sprekken?
    Who the hell are M. en V.? Taalbelied is net ôfhinklik fan de barbeknoeibyienkomsten fan de BMD. De lêste kear dat ik yn it steatsrjucht omstrúnde, makken Provinsjale Steaten it grutste part fan it Fryske taalbelied út. Mar it kin fansels wêze dat de ferantwurdlikheid no yn ‘e Trynwâlden bedarre is en by kwaksalvers, dat is wol sa handich miskien. Sa likernôch regelet de maffia syn saakjes ek.
    Want dan hoecht gjin Provinsjale Steaten der noch oer gear, en leit gjin Politikus (ha, ha) en gjin Underwiisbestjoerder derfan wekker en wit net wat er dwaan moat en wit net wat kant it út moat, en o, M. en V., kom asjebleaft gau mei jim Smelle, Net-Maatskiplike Gjin-Diskusje oer it Frysk, want oars wurd ik suver oerspand?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *