Eric Hoekstra

Midfryk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Deugdsum út eigenbelang

It selsbelang

Galien, dy hie in iennichst bern,
dat wie syn honke, begearte en libjen,
syn eask, hoe koe er dy tsjinstribje?
Nee, wat dy woe, dat die er jern’.

Hy paaide en flaaide yn memme skerte,
hy sobbe en sabbe memme hân,
soe heit op dat heechweardich pân
syn hertwinsk dan in snútbân sette?

Syn wurden wiene huningswiet,
dêr struts er heit mei om ’e mûle
en sei fan “heity is myn skûle,
ik stoar foar je ear deads-tosk je biet.”

De man stie yn dy fleach en stime,
en woe Jan graach yn it hert besjen.
Hy naam it geramte fan in bern
en sei, “sjoch hjir, hjir is Deads grime!

Betoan dyn leafde yn myn need!
Hy wol no heit alhiel ferdjerre,
mar wolst út herts-grûn foar my stjerre,
krûp yn syn earms en paai de Dea.”

Hoe doe? Jan bea mei trienne-eagen,
“myn gouden Dea, ei lit my frij!
Ik jou dy heit, en mem derby,
lit dûbele bút it swierst doch wege.”

It selsbelang lit him net fodzje,
sa gliedt elts freonewurd as it sân, –
ûntslûpte troch dy stive bân –
al moat ierds touter derom skodzje.

Yn dit gedicht brûkt de dichter eigenbelang yn syn simpele, algemien bekende betsjutting fan it moreel ferwerplike eigenbelang. Eins soe sok eigenbelang better ferkeard eigenbelang neamd wurde kinne, want it is koartsichtich: it kostet je je freonen, gemoedsrêst en, wa wit, in plakje yn ’e himel.

It gedicht is humoristysk, dramatysk en wreed. Grotesk is it byld fan de heit dy’t it bern in geramt ûnder de noas triuwt mei de wurden: krûp yn syn earms en paai de Dea. Mar de oerdreaun opportunistyske hannelswize fan it berntsje Jan is ek om te laitsjen, as er seit:

myn gouden Dea, ei lit my frij!
Ik jou dy heit, en mem derby,
lit dûbele bút it swierst doch wege

Sinysker kin it hast net.

Lykwols, der bestiet ek soksawat as sûn eigenbelang, de soarch foar je lea en je geast, wat Michel Foucault ta etyske ymperatyf ferheven hat mei syn striidgjalp: “soin pour soi” — al hied er doe al aids … Kaam yn it boppesteande gedicht it ferkearde eigenbelang nei foaren, yn ûndersteand gedicht komt it sûne eigenbelang op it aljemint.

Selsferrie yn ’e jarresee (Utrop fan Keizer Titus)

“Fui freonen”, gjalpte in foarst, “ik liet in dei fertoarje
O freonen, wêr wurdt no dy beskriemspyt heard?
By dy’t de tiid ferfeantsje yn it blokhûs fan begearte,
en it djoer-keap-tiids-werspyljen yn bernespultsjes smoarje.

No kin soms tsjin natoer in roas yn winter gloarje,
as it sinnefjoer yn ’e Bok har skean de nekke takeart.
Briedbak, tonge en toai triuwe oan begeartes feart,
lju gapje mar wylst driften har it hert trochboarje.

Losbannichheid sa leech troch in smoarch ferstân ret
boarnt har dreamers dêr’t elts yn in jarresee stiet,
fertwifele om fannijs in dei op it koartst oan ein te krijen.

Dy syn hertpriems laitsjen foarseit de straffersstêf.
Sa dûnset men om ’e nocht in tombree boppe it grêf.
Hoe sil de langste nacht elts it selsferrie oanspije?

It aardige fan dit gedicht is dat it tefolle tajaan oan begearten (yn kristentaal: sûndigje) as stridich mei it eigenbelang sjoen wurdt: Hoe sil de langste nacht elts it selsferrie oanspije? Krekt dêrtroch ferriede jo jesels, en dêr sil Foucault it fan herte mei lykfine kinne. It gedicht jout ek in klear begryp fan wat it wurklik gefaar fan it tajaan oan begearten yn hat:

Losbannichheid sa leech troch in smoarch ferstân ret
boarnt har dreamers dêr’t elts yn in jarresee stiet,
fertwifele om fannijs in dei op it koartst oan ein te krijen.

It ferstân is ‘smoarch’ omdat it no funksjonearret yn tsjinst fan de ferslaving oan in begearte, en dus net mear frij is. It ferslaavjende aspekt fan it tajaan oan begearte wurdt ek moai ûnder wurden brocht yn de twadde en tredde regel fan it gedicht:

O freonen, wêr wurdt no dy beskriemspyt heard?
By dy’t de tiid ferfeantsje yn it blokhûs fan begearte,

It tiidwurd ‘ferfeantsje’ sil wol mei ‘feantsje’ (Hollânsk “fooi”) gearhingje, dus ‘weimeitsje’ betsjutte. De b-alliteraasjes en it ritme soargje der mei foar dat dizze regels rinne as in trein.

De regel fertwifele om fannijs in dei op it koartst oan ein te krijen wiist derop dat it tajaan oan in begearte ek makket dat de rêst fan it bestean ferfeelsum wurdt: de pykmominten wurde in nije nulline, en it gewoane libben fan al den dei hat alle smaak ferlern. Retoarysk en metafoarysk is it fansels izersterk om al dy junks del te setten as steande yn in jarresee; ik hâld wol fan it groteske, dat de barok eigen liket. De dichter ferriedt ek in ter sake kundige kennis fan begearte en ferslaving. Hjir is net de droechstoppel oan it wurd dy’t sels neat meimakke hat – al skimert dat bewitten net daalks troch ús moderne foaroardielen hinne.

Keizer Titus riedt ús ta de deugd, net sasear as in bline ûnderwerping oan gods wil mar omdat it foar ús wolbefinen ek better is. Ut eigenbelang dus. En dêrom is de ferslaafde immen dy’t him skuldich makket oan … selsferrie!

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op