Ensafh, literêr tydskrift
Ensafh, literêr tydskrift

Boeke-BOLsert boekebal – in ympresje troch Hedwig Terpstra (update)

moandei, 8 maart, 2010
Hedwig Terpstra

By de organisaasje fan it boekefeest Boeke-BOLsert, dat holden waard op sneon 6 maart lêstlyn hat Stifting Cepher, besteande út Elske Schotanus en Eeltsje Hettinga, gearwurke mei de gemeente Boalsert, dy’t dit jier 555 jier stedsrjochten hat. It reguliere boekebal fan It Fryske Boek wurdt dit jier net holden, fanwege in reorganisaasje by dy stifting. Twa jier ferlyn organisearre Eeltsje Hettinga tegearre mei Marijke Roskam mei súkses in tsjinfeest yn de Scamele Ruter yn Ljouwert, tagelyk mei it Frysk Boekefeest, foar skriuwers en dichters dy’t gjin nocht hienen oan it tradisjonele feest.

Der is by dit Boeke-BOLsert 2010, dat stipe is troch it Skriuwersboun, mei opset keazen foar in twatalich feest en in programma mei ferskate sjenres en dissiplines. Elske seit dêroer: ‘De literatuer sit te faak op in eilân, se moat ferbinings sykje.’ It Boeke-BOLsert waard offisjeel iepene yn de riedseal fan it stedhûs fan Boalsert troch boargemaster Vroegindeweij. Nei de iepeningstaspraak ynterviewde Geart de Vries, âld-sjoernalist by Omrop Fryslân en tsjintwurdich direkteur fan it Historisch Centrum Leeuwarden, keunsthistoarikus en skriuwer Huub Mous oer syn te ferskinen essayboek ‘Gerard Reve en de secularisering’. Huub Mous fertelde oer de tiid dat Reve tegearre mei syn freonen Teigetje en Woelrat yn it lytse plakje Greonterp wenne, yn de jierren sechtich. En oer syn bekearing nei it Roomske leauwen yn 1966, dat eins heaks stie op de tanimmende sekularisearring, oftewol de ûnttsjerkliking. Mous fertelde ek iepenhertich oer syn eigen psychiatryske ferline. Hy hat yn 1966 te kampen hân mei in puberteitspsychoaze, wylst Reve troch de drank yn in delirium rekke. Ek de fraach oft Reve no wol echt leaude kaam oan de oarder.

Nei dit petear wie it in pear oeren skoft en koenen minsken wat ite yn it sintrum fan Boalsert. Om 20.00 oere begûn it jûnsprogramma yn De Groene Weide. Nynke de Jong yntrodusearre de earste gast fan de jûn: Hans van der Heijde, skriuwer en politikolooch, dy’t foarlies út syn satiryske Nederlânsktalige roman ‘De Republyk’ (2009). Yn dizze roman wurdt de republyk Fryslân útroppen. By it begjin fan dizze foardracht waard de seal even opskrikt doe’t in groepke manlju mei bivakmûtsen nei binnen fleach en pamfletten rûnstruide. Op it pamflet stean sitaten fan Pyt Kramer en W.F. Bakker oer Frysk selsbestjoer. It gong hjir om in aksje fan Frije Fryske Grûn, dy’t perfoarst net by it optreden hearde, mar der hiel goed by paste! Dizze aksjegroep wol ûnder oare mear autonomy foar Fryslân en úteinlik in ûnôfhinklik Fryslân, behâld fan Fryske taal, gea en kultuer, Fryske plaknammebuorden en ferkearsbuorden. In besite oan de webside fan de groep leart dat de oanlieding fan de aksje wie: in te grutte Hollânske ynfloed op it boekefeest, sa grut dat de Fryske skriuwer net genôch oan bar komt. De groep fynt it Boeke-BOLsert op himsels wol in goed inisjatyf, mar fynt it befoarderjen fan de Fryske kultuer mei dit programma net fan tapassing.

It optreden fan Van der Heijde waard folge troch it útrikken fan it earste eksimplaar fan de dichtbondel ‘Op ‘e kofje yn ‘e kosmos’ fan Jouke Hylkema, mei in optreden fan Huub Mous as pastoar Mous yn de hearlike Katja Schuurmans Opblaaspop-Oere. De opblaaspop waard oerlange oan Hylkema en bleau nei it optreden de hiele jûn lizzen op it poadium. Hjirnei folge in optreden fan it trio ‘Smots’ en Willem Schoorstra, skriuwer fan ûnder mear ‘Swarte Ingels’ lies de kollum ‘Net stinne mar beminne’ foar. Schoorstra joech hjiryn oan it spitich te finen dat by in gelegenheid as dizze omtinken wie foar Gerard Reve, hoewol’t er him wol in geweldich skriuwer fynt. Neffens him hie it te priizjen west at dit boekebal folslein yn it teken fan Frysktalige literatuer stien hie. De emoasje weeft neffens Schoorstra ôf mei it lineêre tinken fan guon minsken dy’t sizze dat de Fryske taal en kultuer op stjerren nei dea binne. As foarbyld neamde er it opponearjen fan Frije Fryske Grûn foar de Fryske saak. Schoorstra sei dat elk dy’t negatyf is oer it Fryske dat sûnder skrutenens loslitte kin. Dichter/skriuwer/filmer Elmar Kuiper lies hjirnei poëzij út ûnder oare syn lêste bondel ‘Hechtzwaluwen’ (2010) en klassikus en dichter/kritikus Piet Gerbrandy kaam op ‘e tekst oer de ferstânhâlding tusken de Friezen en de oaren.

Tusken de foardrachten troch wie der ferdivedaasje yn de foarm fan beweging- en ymprovisaasjeteater troch Jaap en Tjitske Ferwerda. De muzyk wie fan de Rebound Boogie Bent, mei as mysteryguest Elmar Kuiper op mûlharmoanika. Oan ’e ein fan it programma wie der noch muzyk fan DJ Keu, mar spitigernôch wienen de measte gasten doe al nei hûs ta.

De yntinsje fan de organisaasje foar in multydissiplinêr programma is grif goed. Fryslân moat fansels in boekebal ha, en dan ek ien mei kasjet en dêr waard mei de offisjele iepening troch de boargemaster en ek de ambiânse en seker ek de ynhâld fan it middeisprogramma rom oan foldien. By it jûnsprogramma hie noch wol wat mear aksje kinnen, mei mear performances en miskien ek de dissiplines film en keunst, fansels wol yn kombinaasje mei de literatuer, want dêr draait it úteinlik om. En yn myn eagen ek foaral om de Fryske literatuer. Miskien moat de organisaasje takom jier op syk nei de Fryske skriuwers dy’t normaliter net op feestjes komme, mar stil thús sitte te wurkjen. We sjogge se net en we hearre se net, mar faaks ha se wol wat nijsgjirrichs te fertellen, of sjen te litten. Mar organisearje it allegear mar ris! Hiel goed dat dit boekefeest holden is en takom jier mar wer ien!

Boargemaster Vroegindeweij fan Boalsert

Boargemaster Vroegindeweij fan Boalsert

Geart de Vries yn petear mei Huub Mous

Geart de Vries yn petear mei Huub Mous

Presintatrise Nynke de Jong mei Hans van der Heijde
Presintatrise Nynke de Jong mei Hans van der Heijde
Willem Schoorstra, Cornelis van der Wal en Pier Boorsma

Willem Schoorstra, Cornelis van der Wal en Pier Boorsma

It oerlangjen fan Katja de opblaaspop troch pastoar Mous oan Jouke Hylkema

It oerlangjen fan Katja de opblaaspop troch pastoar Mous oan Jouke Hylkema

Elmar Kuiper
Elmar Kuiper
Nynke de Jong en Piet Gerbrandy

Nynke de Jong en Piet Gerbrandy

Trio Smots

Trio Smots

Rebound Boogie Bent
Rebound Boogie Bent
DJ Keu

DJ Keu

Alle foto’s makke troch Hedwig Terpstra