Ensafh, literêr tydskrift
Ensafh, literêr tydskrift

Ferlerne teksten

moandei, 8 maart, 2010
Edwin de Groot

Komt it wer sa fier dat in flecht him meldet, ferlet
fan kom op ‘t aljemint, elokwint
de faktuer fan fertize foldwaan wolle.

Dan sjong ik it leafst de trijelûden fan myn âlden. Klinke
ferlitten tûndra’s by Furdgum, kjelblauwe marren
fol fersêde Dútske flachjes of –stek dyn holle der mar ris yn-
stille grûnen dy ‘t it streamjend sulver fan Gorter nei de âlde see drage.

It is bon ton en sis dat manlju net multitaske kinne,
mar yn myn flechtsjen sykje ik -sjoch, twa tiidwurden-
in lyts fertrek dêr ’t romte te wrâld komme kin.
Wol wyn- en wetterticht graach.

Bepaal sels wol de kier dêr ’t it troch ferwaaie kin.
Al knipt it koart en bin ‘k de Babyloon al
achter de Fryske peallen en oer it Tsjonger.
De Babyloon dy’t ûnbegryplik swietlûdich syn wêzen sjongt.

Dit gedicht fan Edwin de Groot is in reaksje op it artikel ‘it Fryske literêre libben (3): wat is goed foar de fryske literatuer? Hjir kinne jo dat artikel oanklikke