Ensafh, literêr tydskrift
Ensafh, literêr tydskrift

Freonskip mei muoisume start

tiisdei, 9 maart, 2010
Cornelis Van der Wal

“Twee’ fan Simen de Jong en Klaas Rusticus is it boek fan twa skriuwers, krekt as “in freonskip is as in siel yn twa liven”.
It beskriuwt hoe’t twa jonge manlju de oar, mar foaral ek harsels kennen leare yn in freonskip dy’t in muoisume start hat en in ûndúdlik ein.
Yn 1958 moetsje Caspar den Hoedt (troch Simen de Jong) en Florian Agricola (troch Klaas Rusticus) inoar op ’e kweekskoalle en se fiele har daliks ta elkoar oanlutsen.
Se fiele de mooglikheden, mar binne earst net by steat der folle mear fan te meitsjen as in balstjurrige oanfal fan de ien op de ôfwarrende oar. In yn elkoar ferdrinke as dat yn ’e leafde mooglik is, is hjir net oan de oarder.

Lês fierder by Klaske Hiemstra op it Nijs