Tom Lanoye is ien fan de meast populêre Flaamske skriuwers fan it momint. Hy is ûnder oaren skriuwer fan it boek Sprakeloos dat yn 2009 útroppen waard as boek fan it jier yn België.
Dit foarpetear is mei Tom Lanoye is ûnderdiel fan festival It Brûst fan Tryater. De tagong is fergees foar elkenien dy ‘t in kaart foar de foarstelling Diplodocus Deks hat, dy’t oanslutend om 20.00 oere begjint yn de nije sporthal fan it Marne College. Opjaan foar it petear kin op info@tryater.nl. Kaarten foar de foarstelling binne te krijen by it Gysbert Japicxhûs, 0515-573990.
Diplodocus Deks is ien fan de foarstellingen fan It Brûst teaterfestival dat trije Tryaterfoarstellingen omfettet: Dixi foar beukers, MOOF troch Jong Tryater en Diplodocus Deks foar folwoeksenen. Oant en mei 25 april 2010 strykt Tryater del op ferskate lokaasjes yn de provinsje. Nei Boalsert reizget It Brûst troch nei Akkrum, De Gordyk, Ljouwert, Frjentsjer, Balk en Drachten. Mear ynfo of kaarten: www.tryater.nl.
Diplodocus Deks - Hoe’t in kaakbonke it doarp op ‘e kop sette
De jonge Flaamske regisseur Sarah Moeremans (1979) (Productiehuis Rotterdam, MTV Extreem, Blind Date – foarhinne Serie Nieuwe Theatermakers) hat har fêstbiten yn Diplodocus Deks, in teatertekst fan har lângenoat Tom Lanoye, ien fan de meast populaire Flaamske skriuwers fan it momint. It stik, oer de fynst fan in prehistoaryske kaakbonke en wat dat betsjut foar in doarpsmienskip (lês: de ien rûkt jild, de oar wol har lân net ferkeapje), wurdt fan achter nei foaren spile, as wie it in archeologyske rekonstruksje. Sarah wurket foar dizze produksje mei akteurs út it ensemble fan Tryater (Marijke Geertsma en Aly Bruinsma) en mei gastspilers (Alyt Damstra, Hilbert Dijkstra, Thijs Feenstra, Hans Kroodsma, Mirjam Stolwijk (NNT, NT, searje Wilhelmina), Joop Wittermans en Koen Wouterse (NNT, searje Waltz). Rients Gratama tekene foar de oersetting. De foarstelling wurdt op inkele jûnen Nederlânsk boventitele.








