Teije Idzardi, Edwin de Groot

Sorry, âlde dichter (by gelegenheid fan it Literêr Sirkwy)

logo.ensafh

Edwin de Groot, presintator Literêr Sirkwy: 28 maart is de lêste ôflevering fan it Literêr Sirkwy, edysje 2009/2010. Yn Drachten. Dan sit it der foarearst wer op en sil der troch it Skriuwersboun sjoen wurde nei hoe’t it yn ’e takomst fierder moat mei dit “ynstitút”. Want bliuwe moat it Sirkwy wol fansels. It hinget no tefolle op ien/twa persoanen en dat is te krap, te kwetsber. En wêrom moat dat ynstitút dan bliuwe, de Groot? Freegje jo? Wêrom bliuwe? No sjesa, it Sirkwy is net allinne foar de dichters in aardich poadium en fertoan jo keunsten, it is ek in poadium foar NIJE dichters dy’t wat foardragen oanbelanget noch gjin of kwalik fleanoeren makke hawwe. Krekt, de debutanten.

En mei Melvin van Eldiks dichtersjûnen yn De Bres is it Literêr Sirkwy ek sa’n bytsje de iennichste mei in sekere kontinuïteit.

Yn Snits debutearre Teije Idzardi. Hy hie al in stikmannich kear publisearre op en yn ensafh.
It foel Teije net ta, hy wie wat nerveus en dat kaam de dúdlikheid net te’n goede. Hy koe net wachtsje om wer fan ’t poadium ôf.
Skande, want syn gedichten sitte fol mei moaie taal.
Teije en ik hawwe it der noch efkes oer hân en Teije will be back. Hoe mear as je it dogge, namste better it gean sil.
Op deselde middei kaam ek Jelle Zwart op ’e tekst en dy stie der yn tsjinstelling ta Teije hiel ûntspand by. As in dûmny op ’e preekstoel, sa fan “ik sil ’t jim wol fertelle” en dat die er ek.

Letter krige ik fan Teije in gedicht oer syn moeting mei Jelle Zwart. Ik sjoch dy twa sa noch foar my yn ’e keamer dêr’t de dichters in bakje kofje dronken. Teije wat nerveus op ’e stoel en Jelle as eminence grise en wat ûnderút sakke, de hân wriuwend oer ’t kin, preveljend: Idzardi, Idzardi, is dat gjin famylje fan. Krekt wat foar Teije en meitsje dêr in gedicht oer. Nee, dat komt wol klear mei dy jonge.)

Teije Idzardi

Sorry, âlde dichter

Foar Jelle Zwart

Idzardi, is dat gjin famylje
fan de bakker út Dokkum fregen jo
NEE! sei ik ûnder de blêdgouden ingel
strang en swier oan de kofjesealsouder
fan it Snitser Skippersûnthâld

Ik leugene my betize troch blik
fan goud dy’t tinken die oan earder dagen
in Italiaanske heit
Hold my op de flakte fan de Po
– Litiek grif it bêste

Mar fansels bin ik wol besibbe
oan it daai fan in bakker
Al is it yn ’e fierte
en net dy fan Dokkum
mar ien dy’t graach mei klaai kliemt

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op