Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 5.3

logo.ensafh

– Wat is de beleanning dan as ik myn libben jou, frege Desiderius, wylst er tocht ‘ik moat hjirwei’.

– De maagden steane klear yn ’e hemel foar de striders fan Allah.

– It liket wol wat op it Walhalla, reagearre Desiderius.

– In flauwe wurdspiling, joech Mohammed as kommentaar, ik bespeur dochs gjin ûnorthodokse gedachten?

– Wiswier net, Mohammed, sei Desiderius yn sân hasten en mei de needrigens dy’t foech joech njonken in fertsjintwurdiger fan de Heechste op ierde.

– Sa mei ik it hearre, sei Mohammed tefreden, hearrigens is alles yn dizzen. Fannacht meisto mei dyn Wapen sliepe. It wapen is ynboud yn in prachtige moaie frou, makke mei it bêste wat de Japanske technyk op dit mêd te bieden hat. Us respekt foar de frou is sa grut dat wy gjin echte froulju brûke om de neden fan ús striders en de rituelen fan ús religy temjitte te kommen. Seks mei in echte frou is inkeld mooglik of nei it houlik of yn it paradys.

– Sjedêr in froufreonlike geste, sei Desiderius.

– Wy binne hearrich oan ’e wetten fan ús leauwe, mear stiket der net achter, sei Mohammed. Dêrom dat wy de Japanske robots brûke mei dêryn boud de Kalashnikov dy’t tenei dyn striidwapen wêze sil.

Mohammed naam ôfskie, sizzende dat hy hope by de dage Mohammed as in wier Islamityske strider begroetsje te meien.
 

It stie Desiderius net oan dat er op sokke ûnotterdokse wize syn wapen trochsmarre moast. Boppeat hie er it noch nea mei in pop dien. Oan ’e oare kant seach er ek net hoe’t er him foar dizze test weiwine koe. Boppedat tocht er dat de pearing mei de pop ek wolris it stuit wêze koe dat se in technysk gadget yn syn eale dielen ynbrochten om syn trou te garandearjen. Hy hie mar in skalk each op dit hiele barren. De sinne wie al efter de rotsige kimen en it tsjuster wie oer de hôf kommen. Lykwols soe de folle moanne pas om middernacht oer de oase sile. Desiderius hie in swiere dei hân, fol mei fysike beproevingen. En fannacht soe der wer in fysike beproeving folgje. It wie mar goed dat er efkes yn ’e sliep slûge. Doe’t er sliepte hearde er hommels in stim by syn ear.

– Dit is de POD. Dit is de POD. Hearsto my?
Dreamde er no? POD, POD, wêr hie er dat earder heard? Jonge ja, it kaam him wer yn it sin, yn Ljouwert, doe’t er yn ’e boekhâlding fan ’e fleanbasis omsneupte.

– Wat is POD, frege er syn tinzen.

– Wy binne de Protestantske tûke fan Opus Dei, de oerkumenyske striders foar God. Harkje no goed, Desiderius, wy ha in stjoerderke yn dyn harssens plante doesto yn oplieding wiest. Oant no ta hast al in hiel goeie spion west. Wy sille dy hjirút rêde. Moatst gewoan dwaan wat Mohammed sy sein hat. Gean gewoan nei de hut yn ’e fruithôf en doch dyn manlike plicht.

– Mar ik fertrou it net.
– Wy sille dy behoedzje foar har manipulaasjes.

– Wa bisto eins?

– DK. Ik sjoch dy aansen wer, en dan kinne wy fierder prate.
 

Efkes letter waard Desiderius wekker en hy frege him ôf oft it hiele petear in dream west hie. Alles wie ek sa ûnheimysk. De wûnderlike wurden en iepenbieringen fan Mohammed, de rotsen, de woastyn en de lytse fruithôf. Hy stapte út syn barak. It wie in prachtige nacht. De stjerren skynden hjir helderder as yn it hege Noarden, ûnder de Fryske en Grinslânske himels. Lykwols wie de himel lyts, ôffrede troch de rotsen dy’t as in strûp de eachopslach oan in wol hiel lytse mjitte bûnen. De kimen wiene hjir net wiid, mar it wie earder as stie er yn in put, in rotsput. Mar dan wol in rotsput dêr’t it hearlik rûkte, want de beammen yn it hôf krigen jûns wetter fan it yrrigaasjesysteem en joegen dan nachts in hearlike rook ôf. Boppe by de rotsige kimen fertoande him in stikje fan ’e moanneseine. It wie syn tiid hast. Hy rûn ûnder de figebeammen en oliifbeammen troch. It gers wie fochtich ûnder syn bleate fuotten. Hie er syn skuon net oandwaan moatten? As him aansen in slang yn ’e soallen biet, dan wie er raar de pineut. Oars wie er noait bang foar slangen. As er as bern bang wie foar it tsjuster, dan lústere er altyd yn himsels: ik bin sels hjir de grutste driging fan it tsjuster. Itselde besocht er no wer en Desiderius prate himsels moed yn troch him foar te hâlden dat hy sels de grutste slang wie. Alsa sljurke ús held oer it gers troch de tsjuster, fan beam nei beam, byljochte troch de moanne, en kaam by einsluten by it lytse houten hokje oan, dat midden yn ’e hôf stie. It hokje wie fan skroaten yninoar set, it dak wie fan reid en seach derút as koe men der sa mei de hân trochhinne slaan. No ja, it hoegde net wetterticht te wêzen want sa faak reinde it hjir ommers net. Sûnder de ûnderierdske rivier soe dit alles net bestean kinne.

[wurdt fuortset]

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op