Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Natoer is rûnom moai

Moarnsoere

En wylst it grutske himelljocht
út kimen yn bôge troch bôgen fljocht,
stapt as in breid opkape,
mei ûnútskynber poarper fjoer,
bestrielt de bosk en delten oer
en grûns-grien-blomde lape.

En wylst it wetter as opslûsd
en bochtich lâns de lichten brûst,
de fûgels turreljurkje,
en wilens beam en blom en blêd
mei daudrips-pearlen wurde omfet,
dy’t foar natoer mei’ buorkje.

En wilens dat de Zephyr djoeit
en leafleas mei beams tûken stoeit,
waans pûsters noflik fleane,
en wilens dat de molkfaam feit
of blier mei harre buorfeint geit,
en mieren it gers ôfmeane,

de swan har fearren kjimt op it nêst,
de ljip syn krop mei wjirms mêst
of tommelt oer kop en nekke,
soe inkeld ik lûs-liddich stean?
Nee, ik sil tel oan it moarnsmiel gean
en gau myn piip oanstekke.

Dit gedicht hat wer in izeren syntaktyske konstruksje. Troch de werhelling fan de wilens-sinnen wurdt in beskriuwing fan ’e warberens fan ’e natoerwrâld op ferskate plakken jûn en tagelyk wurdt der spanning opboud. Want wy freegje ús fansels ôf oan hok wichtich barren al dy natoerbarrens ûndergeskikt binne. Dat komt dan lang om let oan de oarder yn it fjirde kûplet, as de lêzer lang om let de ik-figuer moetet troch waans eagen al dy lyktidige barrens sjoen wurde. It wichtige barren dêr’t al dy moarnswarberens fan ’e natoer oan ûndergeskikt makke is, is nammentlik in libbensfrage yn ’e ynderlike wrâld fan de beskôgjende ik-persoan: soe inkeld ik lûs-liddich stean? En fuort derop wurdt alle spanning, opboud troch it ús hast oermânske ferskaat oan barrens en de plechtichheid fan de libbensfrage, … trochpript mei in grapke. Want oan hokke wichtige libbenstaak sil de ik-persoan him wije: Nee, ik sil tel oan it moarnsmiel gean / en gau myn piip oanstekke. Kostlik!

Natoer is rûnom moai

Wy fine yn ’e lichten
fermeits dêr’t de echo kâlt,
en op dy stiifhol’-hichten
dy’t it lôkeach strielt en hâldt.

Wy fine it yn it gewimel
fan keppels dieren nocht,
dy’t ús de sinne en himel
strielt, skildert, ûnfertocht.

Wy fine it op it wetter,
it fermeits troch wyn en feart,
dêr’t it rûs-brûs-skomwiets-kletter
fuort wisket dêr’t elts it heart.

Natoer jout ús fernoegen,
hja wol nin twang noch toai,
keunst hoecht net oan te loegjen:
natoer is rûnom moai!

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op