Jaen

Fryslân is gjin lân

logo.ensafh

De grutsten fan ’e lytskes wisten wy ús
in fyts wie sûnt de fakânsje ‘een fiets’
Jan en Af, en Syp en Sip, dy’t mei Kees
de Hûn it lân yngiene dêr’t Heit en Om-
ke hea ophellen, ferkrongen troch ‘Pim
en Mientje die met Pa en Moe op het
trottoir op de tram stonden te wachten’

op in dei frege juf watfoar lannen oft
wy koene, Nederlân, sei ien, Dútslân
sei in oar en – troch de iepen ruten
hearden wy kij balten, skiep bletterjen
einen kweakjen, protters tsjotterjen –
Fryslân, sei ik, dat nimmen dêr…

Dat is gjin lân, sei it soantsje fan master
en juf sei dat er gelyk hie; en sûnt dy dei
in libben om deroan te wennen, mar

altyd lân yn myn gedachten: merkelân,
tsjerkelân, ierappels-, weet- en bitelân,
heitegreidelân, memmeblikkelân, ljip-
en skriezelân, pakeskieppelân, beppe-
op-’e-knibbelskrûperslân, jeugdlân,
keats- en kuorballân, wetterlân, letter-

lân, leaf brechjeskoallelân, grut genôch
om op te waaksen, om op te bouwen, ek
de soan fan master wennet der noch

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op