A. IJ. van den Berg

Gol rûnstruide ferhalen, ta portret fan in oar

logo.ensafh

greetandringa

Libben reach, de debútroman fan Greet Andringa, set stevich út ein. It boek iepenet yn it sikehûs, dêr’t Geeske oan it bêd sit fan Tjitske, har twajierrige dochter. Dy leit yn koma. Fuortendaliks is it de fraach oft dit kaam, omdat se fan de trep fallen is of dat mem har derôf treaun hat.

Geeske hat dan krekt in soan krigen. It kin wêze dat se dêrom mei in postnatale depresje sit en net folslein ferantwurdlik is foar har eigen dieden. Of miskien sit it oars en hat alles yn in fleach fan lilkens plakfûn, om’t Geeske no ienkear sa yn elkoar sit. Faaks wie it dochs gewoan in ûngemak.

De skriuwster brûkt dy ûnwissichheden dêrnei om motiven oan te reitsjen en om de lêzer lang yn twivel te hâlden. Se dûkt dêrfoar it ferline fan Geeske yn, en fierder. En dat makket dizze roman ek ta in bysûndere famyljeskiednis fan trije generaasjes Wiggersma’s – al wurdt hast alles fia de froulju ferteld.

Achteryn it boek stiet ek in geslachtsregister, as help by it lêzen om fêst te stellen wa’t no krekt wa is. En dat is fral yn it begjin nedich omdat hast neat planút ferteld wurdt. Der hat nochal wat plakfûn yn ’e famylje en dêr waard komselden oer praat. Famyljeleden krigen lang net alles te hearren – as se noch mei elkoar prate – of op syn bêst yn parten, oer in lange tiid spraat. Yn Libben reach spegelet de foarm fan ’e roman de ynhâld. De haadstikken binne fragmintarysk opboud en somtiden krijt hast ûngemurken ynienen in oar as Geeske efkes it wurd.

Tagelyk krijt de lêzer sa ek in tal oare opfallende skiednissen oanrikt. Sa komt yn flarden it yntrigearjende ferhaal fan Gauke en Gertrud oan bod – Geeske har pake en beppe. Hy waard yn ’e oarloch yn Dútslân te wurk steld, en wenne nei 1945 in skoft yn ’e DDR. Dat binne sa al twa gegevens dêr’t yn Nederlân amper as net oer skreaun is; hielendal net yn fiksje. It makket in skriuwer ryk as dy sokke ferhalen skynber achteleas rûnstruie kin yn it psychologyske portret fan in oar, en sa in ferlangen opropt nei mear.

Greet Andringa [1971] is redakteur fan it literêre blêd ensafh, èn skriuwt dit jier it boekwikegeskink foar de moanne fan it Fryske boek, dy’t yn septimber holden wurde sil. Se debutearre yn 2003 mei de ferhalebondel De diggels fan Che. Yn it deistich libben is se arts by de Verslavingszorg Noord-Nederland.

Har roman Libben reach wurke foar my op meardere nivo’s. Der is dat portret fan dy iene frou, dat kleurd wurdt troch dat sy hast alles fertelt. Der is dy nuansearring fan dat priveeferhaal troch dy famyljeskiednissen. En ek seach ik der in stúdzje yn nei it debat oer ‘nature or nurture’; dy ivige fraach oft minsken foar de berte al programmearre binne ta harren gedrach, of dat se sa makke wurde. Andringa is dêrby sa tûk om har ferhalen yn in famylje te pleatsen, sadat de genen in rol hawwe sille en de omstannichheden fan bûten it gedrach fan ien triggerje kinne.

By eintsjebeslút haw ik mar twa net hiel wichtige betinkings by it boek. De earste is dat de taal somtiden ûnnedich de oandacht foar himsels opeasket. Koarte sinnen. Stean der dan. Hiel ferfelend. By it lêzen.Wylst de taal fan Greet Andringa no krekt al safolle registers hat dy’t wol effektyf binne; har taal dan wol krekt dêrtroch har ferhalen ta tsjinst is; en ûngemurken foar de oerflakkige lêzer.

Mei dit debút is it de skriuwster noch net hielendal slagge om te foldwaan oan it stilswijende kontrakt dat de skriuwer mei de lêzer slút. By it lêzen, of hokker oare foarm fan hege of lege kultuer ek, jilde nammentlik betingsten. It publyk jout syn tiid en oandacht. En yn ruil komt de keunster de beloften nei dêr’t it publyk de foarstelling mei yn lokke is.

As in boek dus begjint mei wat heisliks, en sa’n roman besteget dêrnei in soad romte oan it útplúzjen fan motiven, dan moat de ein ek hiel stevich wêze. Soks is in simpele fertelwet, dy’t streekrjocht folget út de kar fan ’e iepening.

Libben reach hat globaal sjoen gjin oare opbou as bygelyks in gemiddeld detektiveferhaal – en trouwens net it detektiveferhaal allinne. Ik bedoel dat oars folslein net denigrearjend. Der bestean nammentlik mar in pear manieren om in ferhaal boeiend te fertellen fan begjin ta ein. Der mei sels net útsletten wurde dat wy minsken tinke neffens in beheind tal narrative struktueren. It is dêrom nuver dat safolle skriuwers tinke dat sokke wetten net foar harren jilde.

Mar oars as in detektive biedt dizze roman gjin opfallende twadde klimaks, nei dy earste sa fûle probleemstelling. Der is wol in soarte fan iepenbiering oan ’e ein, mar earlik sein foel dy my wat ôf. Dus bleau der direkt nei de earste kear lêzen wat ûnfrede hingjen oer wat dit boek die. Ek al omdat de skriuwer sjen litten hie de ambachtlike behearsking te hawwen om in roman ûnferjitlik te meitsjen.

Dy ûnfrede wie oars gau fuort. Dêrfoar wie dit in te goed boek.

Greet Andringa
Libben Reach
256 pagina’s
Friese Pers Boekerij, 2008
ISBN 978 90 330 0669 2
priis: € 18,50

libbenreach

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op