Eric Hoekstra

Bhagawad Gita (02)

logo.ensafh

It Liet fan ús Hear

Bhagavad Gita

It Boek fan ’e Yoga

Ynlieding

Koe Skermer in wykmannich ferlyn yn in kolumn op ENSAFH skriuwe dat der neat út de Bhagavad Gita nei it Frysk oerset is – troch in lokkich tafal wurdt er op syn winken betsjinne – ik wie der doe krekt mei begûn.

Romrofte teksten, en fral religieuze teksten, binne oergroeid mei troch tradysje of ortodoksy oerdroegen oardielen, foaroardielen of minder relevante ynformaasje. De ideale lêzer wol de tekst as tekst bedjipje, mei help fan alle nuttige ynformaasje oer de kultuer dêr’t it yn ûntstien is. Om in tekst te begripen brûkt er syn subjektive, minsklike ûnderfining as helpmiddel: de minske is de maat foar de minske. Letter hoopje ik ris in wiidweidige analyse (’resinsje’) fan ‘e Bhagavad Gita te skriuwen.

Wat foar tekst is de Bhagavad Gita? Wikipedia-siden binne representatyf foar eksterne ynformaasje oer dizze filosofyske-religieuze tekst. Jawis, de tekst is kwa belang foar it Hindoeisme te ferlykjen mei dat fan it Boek Preker of it Boek Job foar it Kristendom. Jawis, allegear omballingsynfoarmaasje is op de wikipedia-siden allyk as yn oare ynliedingen te finen. Mar dy liede ôf fan wat dizze tekst … is.

Dizze tekst is in analyse fan La Condition Humaine, it minsklik tekoart, en biedt in remeedzje. Yn feite is dat wat de bêste religieuze, de bêste filosofyske teksten besykje. De sykte fan de minske, neffens de Gita, is dat er him meisleure lit troch syn gedachten en syn winsken, troch syn wil, troch de dingen dêr’t er syn sinnen op set. Alsa is de minske in slaaf, in ferslaafde, in junky fan syn eigen gedachten, emoasjes, weardeoardielen, morele ferûntweardiging, obsessy mei gelykhawwerij, mei jild, mei macht, mei it lijen fan oaren, mei it lijen fan himsels, mei wraak, mei genot … sjoch yn josels en fyn út wat jo swakten binne. Kinne jo sels sûnder in sigretsje? Lit stean in auto. Lit stean it oardieljen oer oaren. Lit stean …

De remeedzje is it ûntkrêften fan dizze obsessys troch har te analysearjen, troch bewustwurding. De bewustwurding fan je eigen automatismen is in stap op it paad nei de befrijing derfan: it loslitten. De psychology derefter is hiel modern (cf neuro-linguistic programming en soksoarte techniken). Religieus wurdt dat bewustwurdings- of befrijingsproses lykslein mei it gewaarwurden fan it Godlik bewustwêzen, dat yn elke minske oanwêzich is, as er it waarnimme en wêze wol.

Opmerklik is de ûndertitel fan de Bhagavad Gita: it boek fan ‘e Yoga. Yoga is in foarm fan devoasje, mei ynsluting fan techniken dy’t útrinne op gruttere bewustwurding. Yn it westen kenne wy tsjintwurdich de Yoga as technyk fan hâldingen foar it liif, sûnder religieuze ombou. Fan it hindoeisme, it boeddisme, it taoisme en de Zen is yoga in technysk ûnderdiel. Yoga is yn it easten it gehiel fan meditaasje, fan techniken foar liif en geast en de ynteraksje tusken beiden yn tsjinst fan bewustwurding. It liif wurdt dêrmei werklik de tempel fan de geast.

It wurd Yoga is besibbe oan it Latyn iungere ‘ferbine, ferienigje’ (cf. junction ‘krusing’ yn it Ingelsk, conjunctie en juk yn it Nederlâns). Yoga besiket in ferbining mei it godlike part fan jinsels te lizzen, sadwaande.

De technyk fan Yoga moat âld wêze want der binne byldsjes fûn fan lju yn Yoga-hâlding fan 3000 foar Kristus. De redaksje fan de tekst fan de Bhagavad Gita is miskien út de earste ieu foar Kristus. Foar myn lekeoardiel is de grûntekst âlder, want der sitte gjin Boeddistyske motiven yn, en de tekst is folle minder ortodoks as oare romrofte teksten út Yndia. Oars as yn normale religieuze teksten wurde yn de Bhagavad Gita ek filosofen (!) neamd, en ek noch wol yn positive sin. Yn de Bhagavad Gita wurdt ek net ’slijmd’ mei prysters, sa’t dat wol bart yn de Anugita (in sabeare ferfolch op de BG). It ademt de sfear fan de frije Upanishaden. Oan de oare kant moat de BG letter wêze as de Vedas, dêr’t it in pear kear op reagearret. Yn feite kin de grûntekst oeral yn it earste millenium foar Kristus pleatst wurde.

Ik set net út it Sanskryt oer, mar op basis fan twa Ingelske en twa Hollânske oersettingen, al rieplachtsje ik ynsidinteel Sanskryt glossen op Ynternet; dêrnjonken ha ik my ferdjippe yn teory en praktyk fan Yoga, dat de basis fan de Bhagavad Gita is.

De Bhagavad Gita is in petear tusken Krishna (God) en syn freon Arjuna. Arjuna sjocht it net mear sitten, omdat er, as kriger, op it slachfjild tsjin syn boasaardige famylje fjochtsje moat. Krishna jout him dan de ferljochting fan in goed petear oer Alles, dat er syn moed wer fynt. It begjin wurdt faak allegoarysk ynterpretearre. De boasaardige famylje is ek symboal foar alle kweade oanstriden en oanwensten yn ús eigen geast dy’t in minske yn de ûnderwâl (de goate) meisleure wolle. Genôch sein! Sjoch sels mar ris …

It twadde haadstik fan de tekst wurdt yn fjouwer ôfleveringen op ensafh publisearre. Dit is de twadde ôflevering. Klik foar de earste ôflevering op (1).

Bhagavad Gita = It Liet fan de Hear

Twadde Haadstik (twadde stik)

Yoga troch de Wiisheid fan ‘e Sânkya filosofy

Do moatst stride

2.31
Rjochtfeardige striid foeget in strider bêst:
Dyn wifkjen jout gjin pas, do moatst stride.

2.32
Sterke moedige man, dizze striid
is in geunst en in kâns fan de himel.

2.33
Ast dyn ropping en de striid foar it rjocht fersommest
dan krijst der sûnde, skande en ûnear foar werom.

2.34
No en letter sil men fan dyn ûnear sprekke.
De man fan ear is leaver dea as sûnder ear.

2.35
De helden fan beide legers sille tinke
datst fan klearebare bangens útpykt bist.
Dyn freonen hiene dy heech en sille dy no
om dyn leffens as ferachtlik beskôgje.

2.36
Dyn fijannen sille smeulske wurden sprekke
en achtsje lyts dyn namme en dyn moed.

2.37
Ast falst yn ‘e striid, krijst de himel.
Ast winst yn ‘e striid, krijst de wrâld.
Dêrom, Kunti’s soan, kom oerein
en meitsje dy ree foar de striid.

2.38
Wês klear op de striid
mei frede yn it hert,
sin net op wille of winst
noch stin om ferlies of fertriet.
Sa en inkeld sa kinst dingen dwaan
sûnder dwaling, skande en skea.

(wurdt fuortset)

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *