Lanette van der Leij

Echt net echt moai

logo.ensafh

Ik kom krekt by de kapper wei. En ik siet wer ris midden yn dy ‘Opschepster’-reclame, jo witte wol, fan sa’n oergesellich kant–en klear produkt. Honigswiet oanpriisd sûnder unisiteit op ’e lever.
Unisiteit, dat ha froulju by de kapper ek noait. Al prate se oer harrens sels as miene se fan wol en docht in kapster goed har bêst en lit har der wer op har allerfoardelichst útsjen. Se rabje, altyd oer in oar en ivich giet it oer itselde: Sysels yn de haadrol – en hoe’t sy krekt in bytsje better oerkomme kin as de rest. Sûnder dat te sizzen fansels.
De kapster frege in klant routineus nei har bern, en in oare klant antwurdet mei oer har eigen bern en de spegels oan ’e muorre keatse bylden werom fan it krekt wat moaier en better dwaan wolle as in oar. Ha se gjin bern, dan ûnderskiede se harsels mei praat oer de hûn of de kat. Ik krij fan soks altyd jokte oan ’e kop. By de earen.

Dêrom wol ik tsjin in kapster neat sizze en en my ôfslute fan dat gejeuzel.
Dêrom hie ik my taret. Ik soe lêze yn in nij en tapaslik boek, mei tank oan myn (Haachse) freondinne Rebecca. Sy hie ferline wike it boek Echt mooi van Wieke de Haan en Elske Riemersma op har salontafel lizzen. Ik pakte it op en R. sei: ‘Gekregen. Leuk is dat het origineel is geschreven in jouw moedertaal, wist je dat?’ Nee! Dus, ik (mei muoite) hjir sjauvinistysk op syk nei in Frysk eksimplaar.

Mysels yn stilte wer in bytsje moaier fiele ûnder kapstershannen en der ûnderwilens goeie fisy’s oer lêze, sa hie ’k it betocht, op grûn fan de tekst op de achterkant. Better as blêdderje yn dy ivige lêsportefeuille-Libelle mei syn Rouvoetske gesinsmoraal, of net?

‘Wilt u misschien een kopje koffie?’ frege de kapster.
‘Ja, doch noch mar in bakje djoer,’ sei ’k. Mar dat moast ik fertale, it Hageneeske koe gjin Frysk. Ik wie doe al in moai ein hinne yn it boek (hierferve wol by my sa ferhipte min pakke) en fielde mysels ynmiddels ek behoarlik op ’e kofje kommen. Wat in freeslik, ferskriklik boek! Kapsalongejeuzel. Mar it slimste is: omdat ik út Fryslân kom (ea ferdwûn út Jorwert) giet it ek oer my, neffens frou de Haan. As Friezinne, frou út it Noarden, sil ik my neffens harren it keunstmjittich moaiwêzen net oanmjitte litte, omdat ik nochteren bin, yn tsjinstelling ta minsken út de Rânestêd. Pfff.

Ik bin ferdomme oars in geweldich moai en unyk Frysk wiif. Sûnder hier op myn boppelippe (want dat ha ’k harse litten) en mei ûnsichtber hier op ’e tosken (want ik bleekje se). Ik fervje myn grize hier – ja, lekker yn in fûle ûnnatuerlik reade kleur. Ik brûk make-up en gjin lyts bytsje – sûnder lippestift kin ik net èn wol ik net. En dúh! Fansels lit ik my allinne fotografearje fan myn foardielige rjochterkant en ja! Ik ha mysels in kear flink ûnder hannen nimme litten troch in plastysk sjirurch. Dêr skamje ik my net foar, bist besoademitere!

Mei tank oan dokter B. ha ik no de moaiste boarsten fan al myn klasgenoaten fan froeger. Se binne einlings presys goed. Net te grut en net te lyts, de titten altyd strak en der bliuwt gjin potlead ûnder hingjen, lekker puh! Dat spultsje yn in t-shirt joech my in geweldich gefoel op it Klasgenoatefeestje fan de Havo, dat kin ik jo fersekerje. Sa’n skoalbankereuny is ommers in kapperssaak yn it kwadraat, omdat dyn âlde flam ek yn it lokaal sit, as de spegel dêr’tst dysels nei tritich jier yn weromsjochst.

Ik sitearje frou de Haan: ‘As froulju sizze dat se in kosmetyske yngreep foar harsels dogge, dan leau ik der dus net yn. Se binne gewoan al te bot beynfloede troch de media, mooglik binne se al te fier hinne, ha te min selsbetrouwen om doare te wêzen dy’t se binne.’ Nearne hellet dit minske in boek as in ûndersyk as boarne oan. Wat is dit foar generalisearjend geneuzel? Ik bin fier hinne? Nee, dit is der fier by troch! Sil ik soks net lekker sels witte? Of… hear ik no net mear by it Fryske folk, de Fryske froulju? Net nochteren, dus net Frysk!

Myn unisiteit is in fûlflamjend uterlik ynstee fan griis, yn kombinaasje mei myn kar om my lekker de bek te hâlden yn in kapsalon, dêr’t minsken in protte wurden besteegje oan it oerrazen fan harren eigen ûnwissens en it ûnderstreekjen fan platitudes en psychology fan ‘e kâlde grûn. Alle minsken wolle harren sels mei uterlikheden ûnderskeide fan oaren. Wa’t seit fan net, dy liicht.

De Haan en Riemersma wolle dat ek, oars hiene se bygelyks gjin reklame makke foar it boek. No is de ferleiding hiel grut en lûk efkes de lêste rigel fan it foarwurd fan Echt moai út har ferbân: ‘Besef ek by dysels dat alle reklame oer ûnte-fredenheid en ûnwissens giet’. Mar dat sil ik mar net dwaan. Te flau.

Mar beste Fryske froulju, Elske en Wieke. Wêrom generalisearje jimme sa oerflakkich en wâdzje jim sa platwei oer myn gefoelens as Friezinne om utens hinne? Ik bin hielendal net ûnwis oer mysels mar troch jimme drige ik fannemoarn by de kapper suver efkes yn in dûbelde krisis te tûmeljen. Myn plan om my ôf te sluten fan dom ge-eamel mislearre èn neffens jim mjitte bin ik gjin Friezinne mear, want myn boarsten binne net ‘echt moai’. Lokkich is myn Haachse fint noch wol in echte Ljouwerter. Hy sei: ‘Ah, kint skele juh, dyn haar sit ommers weer goed!’

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op