Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.

Ynhâld ensafh 2 yn print
3 Redaksjoneel
4 Sytse Jansma
Ald kokosfabryk harns
in byldbuis rûst mei hoarten
6 Bartle Laverman
It sturtsje
18 Cornelis van der Wal
Amme Maria
19 Mette Meinou Piebenga
Ikamea en Eboku (besprek Om it libben fan Harmen Wind)
22 Jacobus Quiryn Smink
Sometimes Afraid
23 Jelma Knol
Ik, Anna, in anty-mearke (oer Ik, Anna fan Lida Dykstra)
26 Yttje Cnossen
Winter
27 Janneke Spoelstra
‘Dat vrouwen proberen uit hun underdog-positie te
komen, vind ik prima’ (oer it wurk fan Hylkje Goïnga)
41 Beart Oosterhaven
By de dea fan Fêdde Bos
Klassike rock
43 Hendrik Elings - Tekening
44 Anne Feddema
Ald testamintysk liet foar ien sprekker
45 Date Salverda
De begraffenisgonger
58 Teije Idzardi
Oer de deade
61 Geart Tigchelaar
Bestowing
62 Foppe Venema
Troch de skodoarren: Tristan Corbière (1845-1875)
Redaksjoneel
Der binne fan dy wurden dy’t in skoftsje slim yn ’e moade binne, lykas ‘toppie’ en ‘cool’. En sa seit gjin minske tsjintwurdich noch ‘hoi’ by it fuortgean. Nee, it is ‘doe-doei’! Guon fi ne dat de taal fertutearzet (om it mar efkes mei in prachtich wurd te sizzen). Wat it Frysk oangiet ferdwine der somtiden Fryske wurden, om plak te meitsjen foar Nederlânske of Ingelske farianten. Sa is fereale no ‘verliefd’ en reedride ‘skaatse’.
Taal feroaret dus. De ien fynt it slim, de oar bekroadet him as har der net om. Hoewol’t ik it nim sa’t it is, fyn ik it wolris spitich wannear’t moaie wurden net mear brûkt wurde. Sa neamde ús mem har tantes noch muoikes, besaude ús beppe har noch en pake fan de oare kant, koe o sa grimmitich sjen.
Sokke wurden, dy kinne wy dochs eins net misse?
Lokkich wurdt yn de literatuer noch wol in soad gebrûk makke fan moaie wurden. Sa steane yn dit nûmer de wurden hoasfuotlings, rydboskjend, longerjend, sinneskynwaar en jeuzelje. Moai.
Mar ek fan nije wurden kinst genietsje. Sa boartet Sytse Jansma yn it iepeningsgedicht fan dit nûmer mei taal:
skaftskoften jûnskiften kokosskippen
coasters kokosklossen jutejern
Fet chil!
Imke Hooijenga








