Eric Hoekstra

Bhagawad Gita (03)

logo.ensafh

It Liet fan ús Hear

Bhagavad Gita

It Boek fan ’e Yoga

Ynlieding

Koe Skermer in wykmannich ferlyn yn in kolumn op ENSAFH skriuwe dat der neat út de Bhagavad Gita nei it Frysk oerset is – troch in lokkich tafal wurdt er op syn winken betsjinne – ik wie der doe krekt mei begûn.

Romrofte teksten, en fral religieuze teksten, binne oergroeid mei troch tradysje of ortodoksy oerdroegen oardielen, foaroardielen of minder relevante ynformaasje. De ideale lêzer wol de tekst as tekst bedjipje, mei help fan alle nuttige ynformaasje oer de kultuer dêr’t it yn ûntstien is. Om in tekst te begripen brûkt er syn subjektive, minsklike ûnderfining as helpmiddel: de minske is de maat foar de minske. Letter hoopje ik ris in wiidweidige analyse (’resinsje’) fan ‘e Bhagavad Gita te skriuwen.

Wat foar tekst is de Bhagavad Gita? Wikipedia-siden binne representatyf foar eksterne ynformaasje oer dizze filosofyske-religieuze tekst. Jawis, de tekst is kwa belang foar it Hindoeisme te ferlykjen mei dat fan it Boek Preker of it Boek Job foar it Kristendom. Jawis, allegear omballingsynfoarmaasje is op de wikipedia-siden allyk as yn oare ynliedingen te finen. Mar dy liede ôf fan wat dizze tekst … is.

Dizze tekst is in analyse fan La Condition Humaine, it minsklik tekoart, en biedt in remeedzje. Yn feite is dat wat de bêste religieuze, de bêste filosofyske teksten besykje. De sykte fan de minske, neffens de Gita, is dat er him meisleure lit troch syn gedachten en syn winsken, troch syn wil, troch de dingen dêr’t er syn sinnen op set. Alsa is de minske in slaaf, in ferslaafde, in junky fan syn eigen gedachten, emoasjes, weardeoardielen, morele ferûntweardiging, obsessy mei gelykhawwerij, mei jild, mei macht, mei it lijen fan oaren, mei it lijen fan himsels, mei wraak, mei genot … sjoch yn josels en fyn út wat jo swakten binne. Kinne jo sels sûnder in sigretsje? Lit stean in auto. Lit stean it oardieljen oer oaren. Lit stean …

De remeedzje is it ûntkrêften fan dizze obsessys troch har te analysearjen, troch bewustwurding. De bewustwurding fan je eigen automatismen is in stap op it paad nei de befrijing derfan: it loslitten. De psychology derefter is hiel modern (cf neuro-linguistic programming en soksoarte techniken). Religieus wurdt dat bewustwurdings- of befrijingsproses lykslein mei it gewaarwurden fan it Godlik bewustwêzen, dat yn elke minske oanwêzich is, as er it waarnimme en wêze wol.

Opmerklik is de ûndertitel fan de Bhagavad Gita: it boek fan ‘e Yoga. Yoga is in foarm fan devoasje, mei ynsluting fan techniken dy’t útrinne op gruttere bewustwurding. Yn it westen kenne wy tsjintwurdich de Yoga as technyk fan hâldingen foar it liif, sûnder religieuze ombou. Fan it hindoeisme, it boeddisme, it taoisme en de Zen is yoga in technysk ûnderdiel. Yoga is yn it easten it gehiel fan meditaasje, fan techniken foar liif en geast en de ynteraksje tusken beiden yn tsjinst fan bewustwurding. It liif wurdt dêrmei werklik de tempel fan de geast.

It wurd Yoga is besibbe oan it Latyn iungere ‘ferbine, ferienigje’ (cf. junction ‘krusing’ yn it Ingelsk, conjunctie en juk yn it Nederlâns). Yoga besiket in ferbining mei it godlike part fan jinsels te lizzen, sadwaande.

De technyk fan Yoga moat âld wêze want der binne byldsjes fûn fan lju yn Yoga-hâlding fan 3000 foar Kristus. De redaksje fan de tekst fan de Bhagavad Gita is miskien út de earste ieu foar Kristus. Foar myn lekeoardiel is de grûntekst âlder, want der sitte gjin Boeddistyske motiven yn, en de tekst is folle minder ortodoks as oare romrofte teksten út Yndia. Oars as yn normale religieuze teksten wurde yn de Bhagavad Gita ek filosofen (!) neamd, en ek noch wol yn positive sin. Yn de Bhagavad Gita wurdt ek net ’slijmd’ mei prysters, sa’t dat wol bart yn de Anugita (in sabeare ferfolch op de BG). It ademt de sfear fan de frije Upanishaden. Oan de oare kant moat de BG letter wêze as de Vedas, dêr’t it in pear kear op reagearret. Yn feite kin de grûntekst oeral yn it earste millenium foar Kristus pleatst wurde.

Ik set net út it Sanskryt oer, mar op basis fan twa Ingelske en twa Hollânske oersettingen, al rieplachtsje ik ynsidinteel Sanskryt glossen op Ynternet; dêrnjonken ha ik my ferdjippe yn teory en praktyk fan Yoga, dat de basis fan de Bhagavad Gita is.

De Bhagavad Gita is in petear tusken Krishna (God) en syn freon Arjuna. Arjuna sjocht it net mear sitten, omdat er, as kriger, op it slachfjild tsjin syn boasaardige famylje fjochtsje moat. Krishna jout him dan de ferljochting fan in goed petear oer Alles, dat er syn moed wer fynt. It begjin wurdt faak allegoarysk ynterpretearre. De boasaardige famylje is ek symboal foar alle kweade oanstriden en oanwensten yn ús eigen geast dy’t in minske yn de ûnderwâl (de goate) meisleure wolle. Genôch sein! Sjoch sels mar ris …

It twadde haadstik fan de tekst wurdt yn fjouwer ôfleveringen op ensafh publisearre. Dit is de tredde ôflevering. Klik foar de earste ôflevering op (1) en foar de twadde op (2).

Bhagavad Gita = It Liet fan de Hear

Twadde Haadstik (tredde stik)

Yoga troch de Wiisheid fan ‘e Sânkya filosofy

Lear no de devoasje fan Yoga

2.39
Dat is de wiisheid fan Sankya,
it fisioen fan it ivige. Hark
en lear no de devoasje fan Yoga.
Trochkrûpt yn dy keunst, sterke man,
oerwinst it kweade karma fan dyn dwaan.

2.40
Elke stap is der ien op dit paad,
op dit paad wankt dy gjin gefaar.
In bytsje deugd besparret dy al
mannige reden ta frees.

2.41
Wa’t dit paad beoefent is beret,
O freugde en wille fan ‘e Kuru’s,
en ôfjage op it ûnferoarlik doel,
mar sûnder ein strampelje de tinzen
en doelen fan ‘e doelleazen har út.

2.42
Lju mei in bytsje ynsjoch mar in protte praatsjes
folgje boeken dy’t har baatsucht ûnderstypje.
“Mear bestiet der ommers net”, sizze hja.

2.43
Hja wolle de foarbygeande wille
fan sintugen, berte en macht.
Har boeken belove it as lean
as jo je oan har ûnderwerpe.
Har nochten binne heechst neffens har
yn dit en neikommende libbens.

2.44
Har tinken wurdt stjoerd fan ferslaving
oan sintugen, macht of jild
en beslút dêrtroch net ta it doel
om ien mei de Heechste te wurden.

2.45
De natoer mei har trije eleminten
is foar de Veda’s de wrâld.
Kom dy te boppen, Arjuna,
wês fry fan ‘e pearen fan tsjinstellings
en fan noed om besit of feiligens.
Fyn dyn anker en besit yn dyn Siel.

2.46
Mei it wetter oeral om je hinne
is it nut fan in saad mar lyts.
Sa binne Veda’s en oare teksten
foar wa’t it iene doel ken.

2.47
Fyn dyn motivaasje yn dyn wurk,
set dyn sinnen net op it risseltaat,
lit net it risseltaat dy motivearje,
mar doch dyn taak sa goed aste kinst.

2.48
Doch dyn plicht, do Winner-fan-Goud,
stânfêst yn Yoga, net begearich,
evenredich yn dyn slagjen en dyn falen.
Lykwichtigens fan geast wurdt Yoga neamd.

2.49
Baatsucht wurket inkeld foar de winst
en kin tsjin wurkje yn tawijïng net út.
Fyn heil yn ‘e Yoga fan ‘e wijïng.
Earm is wa’t om winst fanwegen komt.

2.50
Wa’t troch de keunst fan Yoga
ferbûn is mei godlike wiisheid,
hannelt mei oerlis en tawijd
en wurdt net fan gefolgen beset.
Wurkje yn ‘e wiisheid fan Yoga!
Yoga is de keunst fan it dwaan.

2.51
Ferbûn mei it dwaan fan God
bekroadzje de wizen har net
om frucht en fertsjinst fan har wurk.
Befrijd fan ‘e kondysjonearring
meikrigen mei har berte
komme se yn ‘e tastân
dêr’t leed gjin plak mear hat.

2.52
Hast de doalhôf fan yllúzjes efter dy,
dan maalst net om wat minsken skriuwe of sizze.

2.53
Is dyn geast befrijd, ûnferwrikber,
ferbûn met de godlike bewustheid,
dan hast it doel fan Yoga berikt.

(wurdt fuortset)

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op