Willem Winters

Aaiber

logo.ensafh

Rudy Kousbroek waard as skriuwer fan De aaibaarheidsfactor, it boekje mei in sêft feltsje, tige ferneamd by in breed publyk. Doe’t syn ferstjearren bekend waard wiene de eksemplaren dy’t op ynternet oanbean waarden samar ferkocht. Ik hie al wol in jier ien bij boekwinkeltjes yn ‘e oanbieding en no samar fuort.
Myn eigen eksemplaar is bysûnder. Der sit in ienfâldich mei de hân skreaun boekje yn fan in Greet, makke ‘voor Geert’s 45e jaardag: van de poezen Suzanna – bijna 9 jaar en Lummel – bijna 10 jaar.’
Side 3- in foto fan in griiswite poes yn ‘e tún. Op side 7 de oare poes, ‘de mollenvanger en kotser’. Dêr tusken twa siden mei in oersjoch fan de eigenskippen fan beide katten. Net sûnder humor.

eigenschappenkattenkousbroek

De Geert foar wa’t dit boekje ornearre wie is der net, siik? Op reis? Der klinkt drama troch yn it bryfke ta beslút:
‘Van de poezen weet ik in ieder geval dat je ze mist. Zij missen jou ook. Ze gedragen zich er waardig onder. Ze laten het niet iedereen merken. Nu het weer beter wordt vatten ze post in de vensterbank en kijken naar de ontluikende tuin. Wanneer wordt het weer 1960? NOOIT.*] Het enige wat je kan doen is naar ze kijken en ze tegen je aandrukken, niet later maar nu.
Ik hoop dat jij net zoveel genoegen aan dit boekje mag beleven als ik.

*] met dank aan Rudy Kousbroek

Wat der fan Geert en Greet wurden is?
Ik wol it al en ik wol it net witte. Guon riedsels, moatte riedsels bliuwe.

kousbroekkat

Rudy Kousbroek

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *