Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh

De deageried

1
O libbenswekker, deageried,
dy’t ús it himelsk goud oanbiedt!
Myn hert wjukt op myn longe,
fielt nije krêft, hiele natoer
moat op dit blide moarntiidsoer
yn rom en gloarje sjonge.

2
De nacht, dy fijân fan ’e dei
fljocht foar dit each-striel-ynsicht wei
mei al syn feale skimen;
wat libbet fielt in blide fleach
by it kliuwen fan it himelseach
út de Easter-skerte en -kimen.

3
Mar wat is dit? Is it griene lân
troch it sinnefjoer as yn ’e brân
en mei in reek bedutsen?
Der is gjin fijân fan natoer, –
hja hat it ûnderierdske fjoer
oan keatlings fêst berutsen.

4
Nee, it is de dage dy’t fjild en beam
lit swimme yn in sulveren stream
dy’t oars om rein soenen kleie.
No sil de dei-kears it kristal-swit
mei swiete rook eardat me’ it wit
fan grûns-blomtekken faaie.

5
Dêr tsjocht dy reek te’n himel op!
Wa briedt hjir op in lege dop,
soe hjir gjin stjoer yn lêze?
Dy’t hjir gjin mylde hân yn fynt
dy’t ûnderhâldt en strielt en bynt,
syn each moat mol-blyn wêze.

6
Elts blom dy’t grutsk op stâle stiet
en har turkoaiske blau oanbiedt
en poarper, giel, it sniewite, –
dêr gliedt it keunstpensiel by mis.
Tink, tink, hoe goed har makker is,
waans leafd’macht net kin slite.

7
It wolfee knibbel-rêst en koait
dêr’t it lamke springt en boartlik djoeit
of siket it slok-swiet wiette
lâns de ûndjip kleare wetterseam,
dêr’t it fiskje tommelt yn ’e stream.
Wa kin syn nocht bemjitte?

8
It hoars fol moed snúft de eastewyn,
hy kopstekt, wrinzget út en yn
of rêchrôlt, sûnder rêstjen;
de ko dy’t it keal beslikke en wreau
ropt âljend om’t de molke har dreau
om de oeren te ûntlêstjen.

9
Fui melker, dit liket nearne nei
doare’ jo op dizze moarn-jefts-dei
sa lang yn fearren bliuwe?
Hij komt (!) – hy kjimt syn hier út reach –
mei Tryn, hja wriuwt de sliep út each,
hja sil har lyfke earst riuwe.

10
Hy gappet, sjocht syn klompen oan
tutet syn honke dan goemoarn
en smookt syn piip dat it rikket.
Hja sjongt, dy blide deageried
dy’t alles mei rêsts-jeft folle hie
en it hert mei seine beslikket.

11
De nachtegeal sjongt, – kliuwt oan it swurk –
dat de echo praat, as wie hja klerk, –
men kin de nocht net keare;
de fisk komt boppe op dizze sang –
kriget fan bliidskip azemtwang –
de fisken kinne ek heare!

12
Hjir is grûns-bloms-grien fan flewiel
hjir is it ierdske eachprejiel
hjir is de wrâldske himel
hjir tsjilpt en sjongt elts wjukkeldier
hjir yt de kloeke bij har sie
en swaarmet yn it gewimel.

13
Hjir wie dat myn Amrint wolear
knibbele by eltse pracht in kear,
yn hoksen by wat groeit
en joech de keunst en it hert in hân,
sa harre se it stielen glêd ferstân,
sa krige se heech har bloei.

14
Hjir fûn se wat natoer befet,
hjir seach se keunst yn blom yn blêd!
Dit holp har heger kliuwen.
Hjir die se har stappen yn it tinken kein
sa die se elts raaike sûnder skein
oan har ferwûndering riuwen.

15
Hjir hat se wiisman Mjitt’ faak met
hjir waard har hert fan wille fet,
gjin mêdens joech har toarsten.
Hjir bûn se sjongdriuw oan de deugd,
sa wurdt men bliid griis, by de jeugd,
yn sein’ frij, sûnder oasten.

16
Hjir kleau har keunst fan bôge yn bôg’, –
omleech wie it har net rommernôch –
se hearde himels-mel’dijen!
Har Makker rôp, hja joech herts-hân!
Liet my har keunst, treast-jeftes-pân –
dêr sil se risping foar krije.

17
O libbens-wekker, deageried,
ivich ljocht dat alles fiedt,
wol krêft, foar hertswûn’, skinke!
Dan sil ‘k sa lang ik libje mei
by de oanbrek fan elts blide dei
yn tank ferhim’le tinke!

Yn Makkum, de 2de fan ’e Eachstmoanne yn it jier 1781.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op