Ate Grypstra

Maitsen

logo.ensafh

– In tsjuster teltsje –

Nacht. De stêd is útstoarn. De wyn en de storein hawwe stilswijend in ferbûn sletten om de minsken yn har hûzen finzen te hâlden. Der bliuwt foar de ynwenners fan Ljouwert net folle oars oer as mar betiid it sêfte nêst op te sykjen, dêr’t it rûzige twatal har pleagjen bliuwt mei ûnrêstige dreamen.

Jurjen Slauerhof weaget him op dit lette tiidstip noch al efkes op strjitte. Hy moat wol. De hûn moat perfoarst noch útlitten wurde. Altyd om kertier foar tolven. Altyd.
Fêste patroanen binne ommers goed. Dy trochbrekke jo net samar even. Net om’t jo eigentlik deawurch binne. Net om’t it striemin waar is. Net om’t… no ja: nergens om. Dat kinne jo sa’n bistje ommers net oandwaan. Jo binne no ienkear in bisteman, of jo binne it net. En Tosca hat der rjocht op. Op har útstapke. Op har fêste patroan. Dat sa.
It waait dat it rikket en yn tritich sekonden tiid binne Jurjen syn netsjese swarte skuon en syn bêzje korduroi broek stronttrochwiet. De hardershûn dartelet fleurich neist him en liket har net al te bot te bekroadzjen om it minne waar.
Ba, it is hielendal neat wurdich mei dy ferrekte paraplu! Jurjen hat it grutte swartwite reinskerm okkerdeis by de Aldi kocht, om’t yn it krantsje stie dat it ding stoarmbestindich wie. De kâns fan omklappen soe nihyl wêze. En yndie wie dat oant no ta noch net bard, om’t der in soarte fan iepening boppe-yn de paraplu sit dy’t derfoar soarget dat wynpûsten fuortendaliks wer ûntsnappe, ear’t se de kâns krije om de baleinen de oare kant op te knikken. Mar it resultaat is wol dat der in ûnbidige wjerstân opboud wurdt.
Jurjen hat it gefoel dat er op it stuit yn in titanestriid mei de wyngoaden ferwikkele is. Se lykje wol fan alle kanten tagelyk op him en syn dapper útstutsen reinskerm oan te stoarmjen. It is in ferskriklike oanslach op syn amtnersspieren. Syn ûnûntwikkele biseps en ferwaarleaze triseps litte him dúdlik witte dat se op ferlies steane.
At er no beide earms brûke koe yn dit gefjocht mei de eleminten, soed er grif mear kâns hawwe. Mar Tosca har rym moat ek fêsthâlden wurde, dus bliuwt foar it paraplugebrûk inkeld wat krampeftich swabberjen mei de rjochterearm oer. En dus steane de wyn en de wietichheid dik foar op punten. Syn hieltyd fochtiger wurdende donkerblauwe duffeljas is dêr in stille tsjûge fan.

Nei in skoftsje stevich trochstapt te hawwen, komme de man en de hûn út op ‘e stille kant fan ’e Nijstêd. Jurjen syn eagen binne fiksearre op ‘e donkergrize strjitstiennen en de talleaze wetterplassen dy’t it ljocht fan ‘e winkelpanden wjerspegelje.
Normaalwei rint er hast in healoere mei Tosca, mar hy wol it fan ’e jûn eigentlik mar by in lyts kertierke hâlde. Straks mar efkes gau in stikje ôfsnije en dan…
Ynienen skrillet er op út syn tinzen. It is as oft in kâlde hân syn yngewanten byinoar knypt. As oft in kweade geast him yn it foarbygean krekt efkes oanrekket. Tosca bliuwt stokstiif neist him stean en it nekhier fan ’e harder komt oerein. Se stoarret rjocht foar har út en begjint te gromjen. Wat sille we no ha?!
Jurjen folget de blik fan de hûn en sjocht fierderop wat nuvers. Flakby de grêft leit in famke op ‘e knibbels. Se sit mei de rêch nei him takeard en har skouders geane heftich op en del. Blykber skriemt se.
Dit is frjemd spul, tinkt Jurjen en hy wol der fuortendaliks hinne drave. Mar dan fielt er ynienen in skok troch syn lofterearm gean. De hûnerym stiet strak. Tosca ferrekt it om ek noch mar ien stap te setten. Har gromjen slacht om yn piipjen at Jurjen in pear kear bêst oan it stik lear skuort.
‘Toe no, ju!’ bromt er. ‘Dat famke hat help nedich!’
It bist ferset har lykwols allinne mar mear en begjint mei krabbeljende, fuortglydzjende poaten stadichoan tebek te gean.
Hymjend lit Jurjen nei in pear moardzjende tellen de halsrym út ’e hân falle. Dit duorret te lang sa.
Sadree’t se fernimt dat se frij is, stoot de hardershûn mei kûgelsfeart de Bagijnesteech yn. Har eigner sjocht har ferheard nei. Dan lûkt er oan ’e skouders, draait him gau om en draaft nei it gûlende famke ta.

Der fleane him allegear gedachten troch de holle hinne. Wat mankeart dat bist? En dat famke… wêrom is sý sa oerstjoer? Wêrom is dat bern dan ek noch sa let op ’e dyk? En wat docht se sa tichtby it wetter?
Dan stiet er ynienen neist har. Se sit hielendal yninoardûkt en hat de hannen foar it gesicht slein. Oan har postuer te sjen kin se noait net botte âld wêze. In jier as fyftjin miskien. Faaks noch jonger.
Senuweftich eidet Jurjen de grêft oer. Soe der miskien ien yn sprong wêze? Der is neat oars te sjen as it tsjustere wetter dat gisele wurdt troch de wyn en de rein.
In bytsje skrutel hâldt er de paraplu wat boppe it famke. Se reagearret totaal net op him. It falt him op dat se netsjes yn ’e klean is. In lange, donkere rok en in moaie, djoere jas. Net sa’n suterich klaaid bern dat hiele dagen wat op strjitte omswalket.
‘Ahem…’ begjint Jurjen. ‘Ik… eh… wat is der oan ’e hân? Kin ik wat foar dy dwaan?’
Se gûlt mar troch, mei lange úthalen. Noch altyd hat se har antlit yn har hannen ferburgen.
Jurjen is der wat mei oan. ‘Wêrom moatst sa gûle? Is der wat bard?’
Gjin antwurd.
‘Eh… wêr wennest? Ik wol dy wol efkes thúsbringe. Kom, kom, net sa oerstjoer, hear. Wat is der no toch?’
In bytsje ûnbeholpen kloppet er har wat op it skouder om. No liket it famke har ynienen wol bewust te wurden fan syn oanwêzigens. Hiel stadich komt se oerein.
‘Sa, da’s better. Kom mar… eh… Sil ik…?’
Ynienen draait se har om en lûkt har hannen fan har gesicht ôf.
Jurjen skrikt him dea. Syn hert liket in pear tellen stil te stean en dan slacht der in weach fan mislikens troch syn lange, meagere lea.
It famke hat de holle fan in heal fergien lyk. De hûd is yn fiergeande steat fan ûntbining. De noas en de lippen binne fuortrotte en op guon plakken is dúdlik de skedel te sjen. Yn de eachleaze kassen krûpe maitsen om en de stank fan de dea slacht Jurjen temjitte.
Hy skrillet tebek en begjint te kokhalzjen. It famke stekt de hannen nei him út. Dat is de drip. Hy raast it út en fljocht as in gek fuort. Achter him heart er in waansinnige laits.

Hy kin net mear goed neitinke. Jurjen Slauerhof, de rêstige, bedachtsume amtner bestiet net mear. Hy is inkeld noch in wêzen fan eangstme en wearzge. Achterom sjen doart er net. Hy moat fuort, fuort, hjirwei! Dravend, stroffeljend en glydzjend siket er syn paad. Syn moaie swartwite paraplu hat er fan skrik falle litten. Wêr moat er hinne? Wêr, WÊR?!?
Yn panyk is er de Nijstêd oerstutsen. Hy fljocht op ’e Doelesteech ôf. Moai: kroegen… minsken! Wat is iepen? Wêr is folk?
Hy skuort samar in doar iepen. Hokker kaffee is it? Coos? De Doelebar? De Ouwe Stoep? Wat docht it der ta…?
Hielendal achter de pûst stroffelet er de tsjustere romte yn. Shit! Der is hjir gjin kop… of… ja toch: de barman. Gelokkich.
Jurjen wankelet nei de taap ta. De barman sjocht him wat fernuvere oan. Fansels… hy sjocht der ommers út as in fersûpte kat. Hy sil wol wyt om ’e kop wêze. Mei muoite slagget it him om syn ferstân werom te finen. Om wurden te finen.
‘Ik… ik… allemachtich! Wat my no oerkaam is… Dat leaust noait! Ik… eh…’
‘Wat dan?’ freget de barman wat noartsk.
Jurjen skodhollet. Hy grypt de râne fan ’e bar stevich fêst. As oft er kontrolearje wol oft der noch wol wat taastbers en reëels yn dizze nachtmerjewrâld is. In pear grutte drippen reinwetter falle út syn slûke hier wei en belânje op it glânzjende hout fan ’e bar.
‘Ik kin it sels amper leauwe. It moat wol in dream west ha. Mar watfoar in dream! In freeslike hallusinaasje… Soks ha ’k noch noait sjoen!’
‘Man, wêr hast it toch oer?!’
‘Ik.. it wie ferskriklik! Ik… ik seach…’
‘Seachst DÍT soms?!?’ ropt de barman, wylst er him nei Jurjen tabûcht en syn antlit feroaret yn dat fan in heal fergien lyk mei eagen dy’t fuortfretten wurde troch maitsen.
Op itselde momint geane alle ljochten yn it kaffee út…

Dit tsjustere teltsje (ik fiel der ek wol wat foar om it in ‘stedssêge’ te neamen) is myn Fryske bewurking fan ien fan ’e ferhalen út ’e bondel Kwaidan: Stories and Studies of Strange Things (1904) fan de Gryksk-Iersk-Amerikaanske auteur Lafcadio Hearn (1850-1904), dy’t letter as naturalisearre Japanner ek wol bekend stie as Yakumo Koizumi. It orizjineel hyt Mujina en kin û.o. fûn wurde op: http://www.sacred-texts.com/shi/kwaidan/kwai09.htm.