Sigrid Kingma

Sirkwy.nl: net sa foardielich

logo.ensafh

No’t wy it dochs oer literatuer hawwe…
Op 9 april waard yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar de webside www.sirkwy.nl offisjeel de blauwe e-loft ynstjoerd. In grut spektakel fansels! De webside waard opsetten mei it ambisjeuze doel om Fryske literatuer op ’e nij ûnder de oandacht fan de befolking te bringen. Fjouwerentachtich Fryske klassikers, wêrfan’t guon al in moai skoft net mear drukt wurde, binne tagonklik makke as e-book op de webside. Troch in nije printtechnyk is it no ek mooglik om sa’n boek foar in skaplik pryske op bestelling printsje te litten, wat se mei in moaie Fryske namme ‘Printing On Demand’ neame. Dit is fansels in prachtich inisjatyf en no wienen wy fan de stúdzje Fryske taal en kultuer oan de Grinzer universiteit tige benijd hoe skaplik at dy priis dan is. In bykomstige fraach is oft dizze boeken earne oars net mear te krijen binne, bygelyks by twaddehâns boekwinkeltsjes. Wy hawwe dêrom oan it sneupen west en in oersjoch makke fan de boeken op www.sirkwy.nl en deselde boeken foar safier’t dy op www.boekwinkeltjes.nl oanbean wurde. Der binne fansels oare websiden dy’t ek twaddehâns boeken oanbiede (lykas sneupers.nl, Marktplaats.nl, antiqbook.nl ensfh.) en ek yn ‘âlderwetske’ boekwinkels sil grif noch mear te finen wêze, mar wy hawwe ús foar it oersjoch beheind ta ien webside. It moat wol in aardichheidsje bliuwe, no?

Prizen fan de POD-boeken op www.sirkwy.nl fergelike mei de frije merkpriis: klik hjir foar de tabel yn pdf.

As jo der mei in hastich each bydel geane, dan falt daalks op dat alle boeken útsein ien noch skoan twaddehâns te krijen binne. Bekende titels lykas De gouden swipe en Feroaring fan lucht binne yn grut oantal fertsjintwurdige. Koprinner is Rimen en teltsjes mei mear as 70 eksimplaren! Wat dêrnei yn it each krûpt, is it priisferskil. It trochsnee boek is foar tsien euro minder op boekwinkeltjes.nl te krijen. Dan hawwe jo lykwols in twaddehâns eksimplaar en Joast Halbertsma mei witte wat der mei útspoeke is. Faaks hat Joast it sels noch wol troch de hannen hân. Soks set oars al oan ta neitinken. As dit projekt wier oanslacht by it Frysktalich publyk dan hâldt POD-útjouwer Jitske Kingma der noch in moai hanneltsje oan oer. Mar as wy de saak wat realistysker foar eagen krije dan liket it projekt net mear as in idee. In minske moat wol ôfgryslik smeteangst hawwe om foar itselde boek fjouwer knaken mear del te tellen. Wy tinke fansels yn euro’s. En dan is it noch de fraach oft dit idee bydraacht oan it lêzen fan Fryske literatuer. Want oft it no op ynternet of op papier stiet, it bliuwt Frysk. En dat is dochs foar in soad minsken in drompel dêr’t se min oerhinne komme. Wy wolle it inisjatyf lykwols net ôfbaarne, de feiten lizze der no ien kear sa by. Wy sjogge krekt as de oprjochters fan de webside de needsaak en de mooglikheden fan in grut netwurk. No’t de boeken online steane hat de hiele wrâld tagong ta de Fryske literatuer. It soe mar sa kinne dat de Fryske literatuer in ‘hype’ wurdt yn Ingelân, om mar wat te neamen. Wy bliuwe realistysk, mar wat net kin… Wy sille sjen.

It ûndersykje is dien troch: Maaike Andringa, Johannes Beers, Tjerk Busstra, Cassie Kalin, Brechtje Veenstra, Klaas de Vries en Jan Ybema; it stikje is skreaun troch Sigrid Kingma.
De prizen fan boekwinkeltjes.nl yn de tabel binne de minimumprizen

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *