Hedwig Terpstra

Mauthausen-syklus: de holocaust mei nea fergetten wurde

logo.ensafh

Douwe Heeringa brocht op befrijingsdei 2008 de Fryske útfiering fan de Mauthausen-syklus yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. De fjouwer lieten binne komponearre yn 1965 troch de Grykske komponist Mikis Theodorakis, basearre op de teksten fan de Joadsk-Grykske dichter Iacovos Kambanellis, dy’t de ferskrikkings fan it nazykonsintraasjekamp Mauthausen sels meimakke hat. Theodorakis skreau de muzyk om foar te kommen dat de holocaust fergetten wurdt. De ymposante Mauthausen-ballade is al yn in soad talen oerset, ûnder oare yn it Hebrieusk, Ingelsk, Frânsk, Dútsk en Nederlânsk. Baukje Wytsma hat de Fryske oersetting dien. Yn 2008 binne de Frysktalige lieten ek op cd útbrocht.

De Mauthausen-syklus is opdroegen oan harren dy’t lijd ha ûnder it fassisme en der tsjin striden ha. De syklus bestiet út fjouwer lieten: ‘Heechliet’ (‘Asma Asmaton’), ‘Andonis’ (‘O Andonis’), ‘Flechtling’ (‘O Drapetis’) en ‘As De Oarloch Aanst Foarby Is’ (‘Otan Teliossi O Pólemos’). Elk liet hat in eigen tema en in eigen muzikale sfear. It tema fan it earste liet hat Kambanellis ûntliend oan it bibelboek It Heechliet. Dit liet is mankelyk, wylst it nûmer ‘Andonis’ fol fjoer en sizzingskrêft is. ‘Flechtling’ is in hiel optimistysk nûmer en it lêste nûmer is fol fan langstme en blidens. Nei it sjongen fan it lêste liet, wurdt it tema fan it earste liet, it oanhâldend sykjen nei ‘myn famke’ nochris songen en dêrmei is de syklus wer rûn. Alle plakken dêr’t de dea him oppenearre soene nei de oarloch wer plakken wurde moatte dêr’t de leafde oerwint.

Douwe Heeringa hat in perfekte stim foar it sjongen fan dizze ynkringende lieten. De teksten komme goed ta har rjocht, omdat Douwe’s útspraak hiel dúdlik is. Syn stim past hiel goed by de stimmings fan de lieten en troch dy oertsjûging yn Douwe’s stim giet de Fryske Mauthausen dwers troch je hinne. It arranzjemint fan pianist Wietse Marra is soberder as it orizjineel fan Theodorakis en dat makket dizze Fryske ferzje noch benearjender. Douwe Heeringa is nei it sjongen fan de Mauthausen-syklus opholden mei syn sjongkarriêre. Foar him wie dat it heechst berikbere foar him as sjonger en koe er der dêrnei, nei eigen sizzen, mei in gerêst hert in punt achter sette. Spitich, want hy hie der lykas Liesbeth List dy’t alle jierren op 4 maaie de Nederlânske ferzje fan de Mauthausen-syklus sjongt, ek in tradysje fan meitsje kinnen.

Op ensafh binne de lieten no te lêzen en te beharkjen.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op