Baukje Wytsma, Mikis Theodorakis, Douwe Heeringa

Mauthausen-syklus: Heechliet (Asma Asmaton)

logo.ensafh

O myn leafste, sa fier as de stjerren bist
gjin dei, gjin nacht dat ik net dyn waarmte mis,
do dy’t foar my net te berikken is.
Wat bliuwt der oer fan wat it libben en de leafde is,
hoe fine wy mekoar werom nei dizze tsjusternis.
’k Ha dy sa leaf, mar der is nimmen dy’t it wit,
o leafste do.

Jim famkes fan Auschwitz
jim famkes fan Dachau
fertel my dochs wêr’t myn leafste is
fertel my dat der noch hope is
fertel har dat ik har mis.
har sa mis.

Wa wit hoe lang sy no al ûnderweis is
yn fodden klaaid en sa ferklomme
har lûd dat bruts en stadichoan ferstomme.

O myn leafste dy’t ik altyd oeral sykje sil
har lea, har sachte holle tsjin my oan
myn hân, myn mûle dy’t har treaste wol.

Ik ha har leaf, mar nimmen wit dat sy myn leafste is
ik ha har leaf, mar nimmen wit dat sy myn leafste is
ik ha har leaf mar der is nimmen dy’t it wit
o leafste do.

O famkes fan Mauthausen
o famkes fan Belsen
kom sis my dochs wêr’t myn leafste is
kom sis my dochs wêr’t myn leafste is
toe sis my dochs wêr’t sy is
ik ha har leaf.

Wy seagen hoe’t in giele stjer ferskroeide
de aldermoaiste blom dy’t noait wer bloeide,
wat sy misdie dat komt se noait te witten.

O myn leafste dy´t ik altyd oeral sykje sil
har lea, har sachte holle tsjin my oan,
myn hân, myn mûle dy’t har treaste wol.

Ik ha har leaf, mar nimmen wit dat sy myn leafste is
ik ha har leaf, mar nimmen wit dat sy myn leafste is
’k ha har sa leaf, mar der is nimmen dy’t it wit
o leafste do.

Klik hjir foar de muzyk

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *