Baukje Wytsma, Mikis Theodorakis, Douwe Heeringa

Mauthausen-syklus: As de oarloch aanst foarby is (Otan Teliossi O Polemos)

logo.ensafh

O famke mei dyn bange eagen, sjoch my
o famke mei iiskâlde hannen, fiel my
as dizze oarloch oait foarby is, o myn leafste
as dizze oarloch oait foarby is, o myn leafste

dan hearst it gûnzjen troch de strjitten,
dan raast de wrâld it út fan freugde,
yn griene parken en op pleinen.

O famke mei dyn bange eagen, sjoch my
o famke mei iiskâlde hannen, fiel my
as dizze oarloch oait foarby is, o myn leafste
as dizze oarloch oait foarby is, o myn leafste

lit ús dan dûnsje troch de kampen,
en lit ús frije yn de minen,
gewoanwei sliepe op it slachfjild.

O famke mei dyn bange eagen, sjoch my
o famke mei iiskâlde hannen, fiel my
as dizze oarloch oait foarby is, o myn leafste
as dizze oarloch oait foarby is, o myn leafste.

it bange skaad fan al ús lijen
sil yn in see fan ljocht ferdwine
gjin dea sil noch oan ús ferskine

O famke mei dyn bange eagen, sjoch my
o famke mei iiskâlde hannen, fiel my
as dizze oarloch oait foarby is, o myn leafste
as dizze oarloch oait foarby is, o myn leafste.

Klik hjir foar de muzyk

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *