Jaen

Fryske jonge

logo.ensafh

Hy stapt by de kroech út ’e bus
in jonge draaft it kuorbalfjild út
want syn broer komt thús nei
twaenhealjier en in stikmannich
brieven út Ynje, in mem dy’t

tocht en sein hat: ‘Dy sjogge wy
net wer,’ krijt op deselde dei
har soan werom as dat se in
suster ferliest, it moat mar sa
treffe, in spandoek oer de reed

‘Wolkom Thús’, 30 april 1950
korporaal …stra swaait ôf

en krijt in pear wike letter
malaria, wat er dokter sels
fertelle kin, want hy hat it
earder hân en tyfus ek

‘Ik wie soldaet yn Ynje’
it fotoboek dêr’t tweintich jier
letter de bern har mei fernuverje

de maten dy’t dêr bleaun binne
de maten dy’t him opsykje
de maten dy’t hy opsiket
nei tritich jier, nei fjirtich jier

nei fyftich jier wize de pakesizzers
nei de wajang-pop op it dressoir
de soldatekiste fol boartersguod

wat er fertelt en wat er net fertelt
of krekt nei hast sechtich jier, de
patrûlje dy’t ferdwaald wie yn ’e
jungle, jonges noch mar amper

oankommen en mei in ynlanner
ûnderweis nei in oar kamp, de
patrûlje dy’t al opjûn wie, mar
dy’t hy, Fryske jonge, mei

allinne legere skoalle en in pear
jier lânboukursus mar wol de
kaderskoalle dien yn Harderwyk
nei fjouwer, fiif, seis dagen, en

nachten, op it kompas
út it oerwâld werombrocht
it hiele kamp rûn út doe’t se
mei in stik burd om ’e kop en
smoarch en ûngedien en mei de
honger yn ’e hals weromkamen
en de heechste offisier tsjin him sei:
‘Kerel, wat ben ik blij dat ik je weer zie!’

Hy stapte by de kroech út ’e bus
op itselde plak as dêr’t er mei
syn heit – dy’t him oan Ljouwert
ta bringe woe – ynstapt wie

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op