Eric Hoekstra

Bhagawad Gita (04)

logo.ensafh

It Liet fan ús Hear

Bhagavad Gita

It Boek fan ’e Yoga

Ynlieding

Koe Skermer in wykmannich ferlyn yn in kolumn op ENSAFH skriuwe dat der neat út de Bhagavad Gita nei it Frysk oerset is – troch in lokkich tafal wurdt er op syn winken betsjinne – ik wie der doe krekt mei begûn.

Romrofte teksten, en fral religieuze teksten, binne oergroeid mei troch tradysje of ortodoksy oerdroegen oardielen, foaroardielen of minder relevante ynformaasje. De ideale lêzer wol de tekst as tekst bedjipje, mei help fan alle nuttige ynformaasje oer de kultuer dêr’t it yn ûntstien is. Om in tekst te begripen brûkt er syn subjektive, minsklike ûnderfining as helpmiddel: de minske is de maat foar de minske. Letter hoopje ik ris in wiidweidige analyse (’resinsje’) fan ‘e Bhagavad Gita te skriuwen.

Wat foar tekst is de Bhagavad Gita? Wikipedia-siden binne representatyf foar eksterne ynformaasje oer dizze filosofyske-religieuze tekst. Jawis, de tekst is kwa belang foar it Hindoeisme te ferlykjen mei dat fan it Boek Preker of it Boek Job foar it Kristendom. Jawis, allegear omballingsynfoarmaasje is op de wikipedia-siden allyk as yn oare ynliedingen te finen. Mar dy liede ôf fan wat dizze tekst … is.

Dizze tekst is in analyse fan La Condition Humaine, it minsklik tekoart, en biedt in remeedzje. Yn feite is dat wat de bêste religieuze, de bêste filosofyske teksten besykje. De sykte fan de minske, neffens de Gita, is dat er him meisleure lit troch syn gedachten en syn winsken, troch syn wil, troch de dingen dêr’t er syn sinnen op set. Alsa is de minske in slaaf, in ferslaafde, in junky fan syn eigen gedachten, emoasjes, weardeoardielen, morele ferûntweardiging, obsessy mei gelykhawwerij, mei jild, mei macht, mei it lijen fan oaren, mei it lijen fan himsels, mei wraak, mei genot … sjoch yn josels en fyn út wat jo swakten binne. Kinne jo sels sûnder in sigretsje? Lit stean in auto. Lit stean it oardieljen oer oaren. Lit stean …

De remeedzje is it ûntkrêften fan dizze obsessys troch har te analysearjen, troch bewustwurding. De bewustwurding fan je eigen automatismen is in stap op it paad nei de befrijing derfan: it loslitten. De psychology derefter is hiel modern (cf neuro-linguistic programming en soksoarte techniken). Religieus wurdt dat bewustwurdings- of befrijingsproses lykslein mei it gewaarwurden fan it Godlik bewustwêzen, dat yn elke minske oanwêzich is, as er it waarnimme en wêze wol.

Opmerklik is de ûndertitel fan de Bhagavad Gita: it boek fan ‘e Yoga. Yoga is in foarm fan devoasje, mei ynsluting fan techniken dy’t útrinne op gruttere bewustwurding. Yn it westen kenne wy tsjintwurdich de Yoga as technyk fan hâldingen foar it liif, sûnder religieuze ombou. Fan it hindoeisme, it boeddisme, it taoisme en de Zen is yoga in technysk ûnderdiel. Yoga is yn it easten it gehiel fan meditaasje, fan techniken foar liif en geast en de ynteraksje tusken beiden yn tsjinst fan bewustwurding. It liif wurdt dêrmei werklik de tempel fan de geast.

It wurd Yoga is besibbe oan it Latyn iungere ‘ferbine, ferienigje’ (cf. junction ‘krusing’ yn it Ingelsk, conjunctie en juk yn it Nederlâns). Yoga besiket in ferbining mei it godlike part fan jinsels te lizzen, sadwaande.

De technyk fan Yoga moat âld wêze want der binne byldsjes fûn fan lju yn Yoga-hâlding fan 3000 foar Kristus. De redaksje fan de tekst fan de Bhagavad Gita is miskien út de earste ieu foar Kristus. Foar myn lekeoardiel is de grûntekst âlder, want der sitte gjin Boeddistyske motiven yn, en de tekst is folle minder ortodoks as oare romrofte teksten út Yndia. Oars as yn normale religieuze teksten wurde yn de Bhagavad Gita ek filosofen (!) neamd, en ek noch wol yn positive sin. Yn de Bhagavad Gita wurdt ek net ’slijmd’ mei prysters, sa’t dat wol bart yn de Anugita (in sabeare ferfolch op de BG). It ademt de sfear fan de frije Upanishaden. Oan de oare kant moat de BG letter wêze as de Vedas, dêr’t it in pear kear op reagearret. Yn feite kin de grûntekst oeral yn it earste millenium foar Kristus pleatst wurde.

Ik set net út it Sanskryt oer, mar op basis fan twa Ingelske en twa Hollânske oersettingen, al rieplachtsje ik ynsidinteel Sanskryt glossen op Ynternet; dêrnjonken ha ik my ferdjippe yn teory en praktyk fan Yoga, dat de basis fan de Bhagavad Gita is.

De Bhagavad Gita is in petear tusken Krishna (God) en syn freon Arjuna. Arjuna sjocht it net mear sitten, omdat er, as kriger, op it slachfjild tsjin syn boasaardige famylje fjochtsje moat. Krishna jout him dan de ferljochting fan in goed petear oer Alles, dat er syn moed wer fynt. It begjin wurdt faak allegoarysk ynterpretearre. De boasaardige famylje is ek symboal foar alle kweade oanstriden en oanwensten yn ús eigen geast dy’t in minske yn de ûnderwâl (de goate) meisleure wolle. Genôch sein! Sjoch sels mar ris …

It twadde haadstik fan de tekst wurdt yn fjouwer ôfleveringen op ensafh publisearre. Dit is de fjirde en lêste ôflevering. Klik foar de earste ôflevering op (1), foar de twadde op (2) en foar de tredde op (3).

Twadde Haadstik (fjirde en lêste stik)

Yoga troch de Wiisheid fan ’e Sânkya filosofy

Hoe is it in Yogi te moede?

2.54. Arjuna
“Hoe sjochst dat in Yogi ûnferwrikber
ferbûn is mei it bewustwêzen fan God?
Wat seit er en hoe is it him te moede?
Wat docht er en hoe hâldt en draacht er him?”

2.55
As immen alle langst gewurde lit, –
teweibrocht troch it doarmjen fan ‘e tinzen, –
en yn syn eigen Sels foldwaning fynt,
dan is er ien mei Gods bewustwêzen.

2.56
Noch foarspoed noch tsjinstuit bepale
it aard en ferrin fan syn tinzen.
Fan lilkens noch frees wurdt er bûn.
Sa’n held hat in geast fan stânfêst.

2.57
Wa’t net troch barrens bepaald wurdt,
net bliid is omdat it him goed giet,
net rouwich omdat it him tsjin sit,
dy ankeret yn godlike wiisheid.

2.58
Wa’t syn sinnen net set op ‘e objekten fan ‘e sinnen
mar syn poaten ûnder syn skyld as in skyldpod ynlûkt
toevet yn ‘e tastân fan godlike wiisheid.

2.59
It ferslaavjend gerak fan ‘e sinnen
lit los fan ‘e siel dy’t him wjerhâldt
mar de smaak priuwt nei yn it ûnthâld.
Mar as er him dêr net mear om bekroadet
troch in hegere smaak yn it ûnthâld te hawwen,
dan is er fêst yn boppesinlik witten
en godlik bewustwêzen ferankere.

2.60
It gystene geweld fan ‘e sinnen,
O soan fan Mem Kunti, skuort
de tinzen fan in wize mei
al stribbet er behearsking nei.

2.61
Bring dy de harmony fan sinnen te binnen
en fyn, yn Yoga wei, rêst yn My,
want mei de sinnen yn harmony bisto frij.

2.62
Mar bringst dy it gerak fan de objekten fan ‘e sinnen
te binnen, dan krije se krêft.
Krêft skept langst, de wil ta besit
en dat rint út op lilkens en frustraasje.

2.63
Mei frustraasje komt betizing fan it brein,
de harmony fan sinnen wurdt fergetten.
De reedlikheid wurdt wei, it goede net sjoen
en dat rint út op skande en skea: destruksje.

2.64
Mar wa’t ferkeart mei de objekten fan ‘e sinnen
sûnder dat se him stjoere, sûnder
oanlûking of wearze, dy skept him
in himelske harmony fan binnen.

2.65
Troch de himelske harmony dy’t er skept
lit alle leed los fan ‘e siel
en it tinken wurdt lykwichtich en klear.

2.66
Mei it hert en de holle yn konsternaasje
hat de geast foar harmony gjin konsintraasje.
Sûnder harmony is der gjin frede,
hoe kin in minske dan gelokkich wêze?

2.67
Ien fan ‘e sinnen dêr’t de geast him op rjochtet
kin al mei it ferstân fan in minsk op ‘e rin slaan,
sa’t in stoarm in skip oer it wetter meifiert.

2.68
Dêrom hat de minske dy’t syn sinnen
net mear set op de objekten fan ‘e sinnen,
O sterke, in stabyl ferstân.

2.69
Yn ‘e nacht fan alle folk sûnder Ljocht,
hat de minske mei macht oer himsels
syn lemieren, en har dei is nacht
foar him dy’t nei binnen ta sjocht.

2.70
Sa’t alle wetter yn de oseaan streamt
sûnder dat dy der oars fan wurdt,
alsa fielt de wize wol begearte
mar hy bliuwt ien mei syn kalmte,
en wa’t yn begearte opgiet, net.

2.71
Wa’t alle langst opjout, alle bining
oan besit of eigenikkigens, fynt frede.

2.72
Dat, O bern, is wat de bining mei God betsjut:
hy dy’t dêryn slagget, dwaalt net mear.
Wa’t dat folhâldt yn de oere fan syn dea,
wurdt ien mei it wêzen fan de Hear.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op