Koosje Melis

EO

logo.ensafh

Ik ha in fassinaasje foar programma’s fan de Evangelische Omroep. It begûn doe’t ik as bern Henk Binnendijk mei syn beminlike glimp tusken kreaze manlju en froulju op in Eastenryks-eftige berch (mar it sil wol Israël west ha) sitten seach, mids blomkes en bibels en ûnder in prachtige blauwe loft. It evangeelje stie blykber foar gelok en harmony, saken dêr’t jo as pessimist nei stribje sûnder se je alhiel eigen meitsje te kinnen. Mar dat de EO jo ek no noch oan it tinken set, dêrfan bin ik oertsjûge nei it sjen fan ‘veertig dagen zonder seks’, in programma dêr’t minsken oan meidogge dy’t de opdracht krije om fjirtich dagen gjin seks te hawwen.

It famke yn de earste ôflevering wie sa ûnwis oer harsels dat se selsbefêstiging socht fan jonges troch seks. In personal coach lei har út dat se ek sûnder seks de muoite wurdich wie. Toch hold se it net fjirtich dagen fol. De jonge yn de twadde ôflevering joech nei in nacht mei in famke ta: ‘Ja, ik heb wel even aan haar borsten gelikt, maar we hebben niet geneukt.’ Nei tritich dagen gjin seks wie syn moarnsereksje yntusken ‘zo dik als een paal’ (masturbearje mei nammentlik ék net). Doe’t er út klearebare frustraasje op syn motor sprong om him ôf te reagearen yn de sportskoalle, fleach er oer de kop. Yn de folgjende shot seagen we him ûnder de pleisters by it sikehûs. Ek mei dizze jonge wie fansels méar oan ’e hân. Hy hie de dea fan syn heit nea ferwurke, dêr kaam syn seksferslaving fan. Hy prate in hiele middei en jûn mei in seksterapeut, besocht it grêf fan syn heit (de kamera bleau op ôfstân) en kaam ta ynkear.

Wûnderliker as dat de EO no ek al programma’s mei sok taalgebrûk útstjoert, fyn ik dat God der hielendal net eksplisyt oan te pas komt. Ommers, wat is de EO noch sûnder de Heare? De EO brûkt Him faak, as in knyn dy’t út in hege huod tefoarskyn gûchele wurdt. Der wurdt in dilemma sketst mei ûngelokkige minsken dy’t fêst sitte yn it hjir en no. Bygelyks – yn de dokumentêre dy’t ik okkerdeis seach – manlju dy’t yn har jeugd seksueel misbrûkt binne. Twa fan de trije (net alle trije want jo moatte de saken ek wer net oerdriuwe) fûnen nei in lange ellendige tiid mei drank of drugs of (leafst) allebeide God of Jezus op har paad, dy’t har pine ferljochte.
Krekt dat punt yn EO dokumentêres fassinearret my. Op dat punt tink ik: ho ho, hoe kin dat dan? Wêrom ferskynt Hy wol oan sonder A en net oan sonder B? Krekt as by de gûchelder fiele jo jo as taskôger ferrifele as jo net witte wêr’t dat knyn wei komt en hoe’t de gûchelder syn truc útfiert.

Yn de ôflevering mei dy seksferslaafde motorjonge waard er op in date stjoerd mei in famke dat witte liet foar har trouwen gjin seks ha te wollen – in potsje neuke siet der dus net yn. Soe de jonge de date toch leuk fine? It wie tûk fan de EO, want wy wisten allegear dat dat famke kristlik wie sûnder dat God der sels oan te pas kaam. It famke wie leaf en ek net ûnsjoch, mar …. ek wat suffig en saai. Wat wie it boadskip: moast dy jonge no kieze tusken sokke froulju en de leidige, ferkearde famkes fan de stêd? Tusken God en himsels?
Ik tocht, ferhip, de EO giet mei syn tiid mei troch sjen te litten dat it meitsjen fan de goede kar net altyd like maklik is! Mar doe’t ik it neisocht op de website fan de EO die bliken dat ik mis wie. Foar’t ik it wist siet ik nammentlik fêst op in site oer myn relaasje mei de Heare Jezus. Dy relaasje wie prima doe’t ik in jier as fjouwer fiif wie. Wol makke ik my der doe soargen oer dat ús pake ateïst wie, want de juf hie ferteld dat allinnich minsken dy’t leauwe nei de himel (boppe de wolken!) ta giene. Op myn fraach oft pake ek yn Jezus leaude hie er likegoed in taktysk andert ree: ‘In lyts bytsje.’
Nei ôfsluten fan de kompjûter en opnij opstarten kaam ik einlings op de site oer ’40 dagen zonder seks’. Dêr lies ik dat seks neffens de EO in útfining fan God is. Namsto frjemder dat God op de televyzje net neamd wurdt. Sneaky. De EO is neat feroare, ik bin feroare. Ik wie allinne even ferbjustere troch presentator Arie Boomsma, krekt sa’t ik dat earder troch Binnendijk wie. Boomsma docht mei syn brún liif en syn bleate shirtsjes net allinne oan it goede, mar ek oan it kweade tinken. Ynienen begriep ik it: krekt wat tefolle dy glimkjende pop út Sesamstraat, Héééénk Glimlach. En dy, dat witte wy allegear, docht net oan seks.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op