Jemke Visser

La douce France

logo.ensafh

Sinneblommen en nochris sinneblommen, fjilden fol mei sinneblommen.
En doe ynienen, tsien oere jûns, dêr wie it ferlossende buordsje oan de kant fan de wei:
‘Camping Le Lac des Trois Vallées 3 KM’.
‘Hoi, hoi,’ rôpen Marte en Symen .
‘Wat is it hjir near,’ sei Tsjibbe, ‘ik ha der pine yn ’e harsens fan.’
Syts suchte.

Se wiene de moarns om trije oere yn it tsjuster ôfset.
‘Ik feech der yn kear hinne.’ As administrateur by it pleatslik transportbedriuw wist er ommers alles fan ynternasjonale logistyk en de âld Volvo ried noch as in tierelier.
Sa’n caravanreiske… dêr draaide er de hân net foar om!
Dat foel wol in bytsje ôf. Amper troch de polder duorre it Symen al fierstente lang, wannear wiene se der no ris? Dêrnei begûn er Marte te klieren.
Fuort by Parys wie er einlings yn sliep fallen. Se bedarren yn in file en it waard hiter en hiter.

Syts wie der oer begûn: wêrom altyd mar wer Skylge en net ris in kear, lykas oaren, mei fakânsje nei ’t bûtenlân, Súd Frankryk bygelyks?
Earst hie Tsjibbe wakker tsjinaksele: ‘Hast dy op dyn jierdeifeestje fansels opjutte litten troch ús heechgelearde doktorandus Jongejans en dy teemûtse fan him, mei harren ivige als je maar niet in de periferie van Parijs belandt…’
Marte en Symen wiene lykwols optein, safolle klasgenoaten giene ommers ek!
Hy hie belies jûn: ‘We hiere in caravan …racefyts mei en hadsikidee!’
Mar wêrhinne?
It pear Jongejans – Zuid Frankrijk heeft voor ons geen geheimen meer – wist rie:
Camping Le Lac des Trois Vallées yn Súd Frankryk, mei in marke en in aktyf rekreaasjeteam. Op ynternet hie it der prachtich útsjoen: allegear fleurige, brune kampearders, lyts en grut.

En no, tsien oere jûns, wiene se der!
Yn it helle ljocht fan in skynwerper kaam in frommeske, hagelwyt shirtsje, koarte broek mei dêrûnder in pear stevige brune kûten, harren temjitte. Har hynstesturt kaam efter út har helgiele petsje dêr’t mei reade letters Crew op stie. ‘Ik zal u uw plaats wijzen,’ sei se.
‘Ik tocht dat we hjir yn Frankryk wiene,’ sei Tsjibbe. Se glimke. ‘Ja, maar de meeste gasten in deze periode zijn Nederlanders, vandaar.’
‘Ja krekt,’ sei Tsjibbe. It wie wol hiel oars as op Skylge.

‘Moet ik even helpen?’ Mei bleate fuotten yn de sandalen en in te grutte koarte broek kaam in spjuchtich mantsje oanrinnen. Hy kipe nei Syts.
‘Wêrmei?’
‘Toe Tsjibbe, no net daliks sa sneu , hy bedoelt it goed’, sei Syts sachtsjes.
‘O… no nee, dank voor uw aanbod, mar we rêde ús skoan’.
‘Dat ferstiet er net, Tsjibbe!’
‘Jawol, hy giet al wer fuort. De foartinte doch ik moarnier wol. Earst de kuolkast mar gau oan, dan kin it bier deryn.’
De bern kamen mei patat werom. ‘Je kinne hjir swimme yn it marke… der binne twa hiele hege glydbanen!’
‘Hartstikke moai,’ sei Tsjibbe. ‘It is wol apart hjir… ik sit om healwei tolven noch mei de bleate bealch yn ’e koarte broek, dat slagget je op Skylge net!’

De caravan stie te plak, op in lyts fjouwerkant lapke giel ferdroege gers, oan de efterkant in roastich stek en dêr efter einleaze fjilden sinneblommen.
De sandale-man kaam noch tsjinstich mei in wetterpas oansetten, mar Tsjibbe siet al oan it bier. Syts hie in read wyntsje, sa hearde dat yn Frankryk, tocht har.
By it marke wei hearden se swimbadlûden en sa no en dan klonk lûd jûchhei as wie der in wedstriid geande. Even letter galme de stim fan Jantje Smit oer de camping.
‘It rekreaasjeteam is wol hiel aktyf,’ sei Tsjibbe, ‘oerdriuwe se net wat? Soks ha ik op Skylge noch nea belibbe.’
‘It is fêst allinne yn it wykein,’ sei Syts, ‘Een camping, waar u echt tot rust komt, stie op ynternet.’
Marte frege oft se der evn sjen mochten.
‘Okee,’ sei Tsjibbe, ‘mar dan gean ik mei, it is ferdoarje al midden yn de nacht.’

It naaide derút. Op de glydbanen, ferljochte troch in pear felle skynwerpers, waard in wedstryd hâlden wa’t it earste ûnder yn it wetter plofte. De measte dielnimmers wiene opslûpen jonges en famkes, in pear jier âlder as Marte en Symen.
It rekreaasjeteam mei Crew op de giele petsjes regele alles.
Op de terraskes mei Caïribische parasoltsjes koene je it hiele spektakel folgje.
Alle stuoltsjes wiene beset, de sulverkleurige taffeltsjes stiene grôtfol mei glêzen en flessen.
Tsjibbe en de bern wiene krekt op ’e tiid om te sjen hoe’t in groulivige Hollanner ûnder grutte hilariteit syn sandalen losgaspe en koelbloedich yn t-shirt en koarte broek nei ien fan de glydbanen toffele. Syn bleate platfuotten kletsten as swimfluezen op de tegels.
De froulju by syn taffeltsje gjalpten it út: Pyt fansels wer. By de glydbaan seach er omheech, skodholle en rûn doe werom nei syn taffeltsje. De oaren rôlen hast fan ’e stoel fan ’t laitsjen.
‘No, dy tinkt ek dat er grappich is,’ sei Tsjibbe, ‘kom jonges, sliepe!’

It lawaai op de camping foel ta. De dei dernei wie it in stik rêstiger, allinne waarden se sa no en dan traktearre op de Wrâldomrop-nijsberjochten fan de sandaleman.
‘Hy hat wrachtich ek noch in frou,’ sei Tsjibbe, ‘dat mins sit de hiele dei yn de caravan, ik tocht al wat docht ien sa’n lyts mantsje mei sa’n grutte caravan.’
‘Miskien is se wol siik,’ sei Syts.
‘Ik soe’t mar net freegje, dan is der al hielendal net mear by dy wei te slaan. Us buorman op Skylge is trouwens in stik geselliger…en no gean ik even nei it doarp om oare bôle, fan dy stokbôlen rekket in mins net sêd.’
Hy sprong op syn racefyts.
Op it slingerdykje troch de sinneblomfjilden seach Syts him fuort racen, sûnder fytshelm fansels. Se suchte en joech har doe noflik del yn in luie klapstoel neist de caravan, lekker heal yn it skaad. Se fielde de sinnewaarmte, mar de blêden boppe har filteren de hite sinnestrielen krekt genôch. Har tinne himdsje luts se by de hals sa fier mooglik nei ûnderen.

‘U doet beiden zeker veel aan sport. Uw man heeft echt zo’n sportfiguur en u ook.’
Dêr wie de sandaleman wer, hy beseach har op en del. Fluch die se har himdsje omheech.
‘Van nature ben ik ook erg sportief. Ik kon bijvoorbeeld heel hard lopen,’ begûn er.
‘O ja?’
En dêr sette er útein: oer syn wurk, syn passy’s, teloarstellings, oer syn frou, dy’t altyd mar wurch wie en neat woe…
‘In een stadje hier dichtbij is een alleraardigst streekmuseum, ik ben daar als aankomend antropoloog uiteraard erg in geïnteresseerd. U kunt daar met mij naar toe als uw man fietst.’

‘Wie dy kwibus hjir no al wer?’
Oan it stjoer fan de fyts hong in plastic tas mei bôle. It shirt hie er útdien, syn brune lea glom fan it swit.
‘Jonge, wat is it hjir gleon, sa waarm ha ik it op Skylge noch nea meimakke!’
‘It is in ynteressante man.’
Syts liet it petear noch even besinke.
‘Hy studearret foar antropolooch en hy wit ek in soad fan dizze streek.’
‘Studearret dy man noch?’ sei Tsjibbe ferheard. ‘Neffens my is hy minstens fjirtich.
Ik wie amper tweintich, doe hie ik al myn diploma’s al. Tink der mar om, hy fret dy hast op mei syn eagen. Straks lit er him noch kinne as in lustmoardner.’
‘Werom moatst alles altyd mei de gek beslaan? Ik fyn him eins ek wol wat begrutlik, hy hat sichtber syn slinger net. De wrâld is grutter as volleybalje, maten en in pilske, Tsjibbe, ek al hast earste klasser west en Europacup spile.’
‘Dat wit ik ek wol, mar it moat net te yngewikkeld, foaral asto mei sa’n sielich proloochje oanpapkest’ – mei syn bespotlike koarte broek en dy healwize, âlderwetske sandalen, woe er noch sizze, mar hy seach oan Syts dat er him no better stilhâlde koe.

‘Heit, heit!’ Harren hier wie noch wiet. De hege glydbanen, de nije freonen en freondintsjes, se rekken der mar net oer útpraat. ‘Der is jûn volleybaljen, dêr moat heit oan meidwaan, heit hat ommers earste klasser west?’
‘Ja, dat sei jimme mem ek al,’ sei Tsjibbe brimstich.
‘Doch no net sa bernich,’ sei Syts, ‘fansels dochst mei, dat fine de bern prachtich en se sille tige grutsk op dy wêze.’
‘Ik sil se hjir ris in poepke rûke litte.’
It sin stie al wer goed.

It volleybalnet hong net alhiel strak, seach Tsjibbe. Yn ’e midden koene je dus moai flymskerp oer it net servearje.
Om it mei smoarchwite linten ôfsette fjild siet it publyk op klapstuoltsjes al klear mei drank en iterij.
Pyt fan de glydbaan-act hie him ek ynskreaun, dus ek syn fanklub wie der. Lûdruftich skandearren se syn namme. Pyt draafde in pear rûntsjes, die inkelde opsichtige rek-en strekoefeningen en poetste doe syn bril mei it volleybalnet. De fans hifken it glês en knikten elkoar ta, skatterjend fan it laitsjen.
Tsjibbe gie mei syn team oan ’e slach. Al gau seach er dat der yn elts gefal trije manlju wol faker in baltsje slein hiene. Hy joech wat oanwizings.
‘Bent u volleybaltrainer?’
‘Nee, mar ik ha wol in skoft earste klasse spile.’

It gie dat it slydjage. As Tsjibbe servearre, koe er mei gemak de partij yn ien kear útspylje, dêrom sloech er sa no en dan mei opsetsin mis.
‘Volgende set!’ De Crew regele wer alles.
‘Pyt z’n team moet tegen de eerste klasser spelen’ gûnze it om it fjild. Elts kaam te sjen.(weilitte tinkt my)
Pyt dielde earst noch wat hantekenings út.
‘Tsjibbe servearre, smashte, blokte, ferdielde it spul, coachte.
‘Allemachtig,’ klonk it bewûnderjend om it fjild.
Mar wat stie Syts dêr no deun by de sandaleman te mûskopjen…
Der kaam in pracht fan in foarset. Hy sprong heech op en smashte de bal alderheislikste hurd oer it net.
Pyt gie tsjin de flakte, syn bril belâne yn de boskjes. ‘Oei!’ rôp de fanklub, in pear sloegen mei de hân as wie dy wiet en toeten gnyskjend de mûle.
Ferdwaasd krabbele Pyt oerein, op ’e nij middelpunt fan grutte hilariteit, mar yn in folslein oare rol en dat noaske him alderminst.
‘Godvergeten idioot, die je bent!’ raasde er tsjin Tsjibbe, ‘wat denk je wel!’
‘No sorry,’sei Tsjibbe, ‘sjoch, dy jonge hat jo bril al fûn.’

‘Praat normaal, uit de klei getrokken boerenpummel!’
‘Toe Tsjibbe,’ Syts luts him oan de earm, ‘dy man is gjin partij foar dy en de bern binne hjir.’
Tsjibbe hie him lykwols al by de kladden, tilde him in eintsje fan de grûn en skodde him hin en wer as lege er in sek ierpels.
‘Wat soesto mantsje,’ sei er driigjend, ‘no kin elkenien ris goed om dy laitsje …’
‘Net dwaan Tsjibbe, hâld op.’ Syts gûlde der hast fan.
‘Toe heit,’ rôp Marte, ‘kinst ommers folle better volleybalje!’
Tsjibbe liet los, Pyt plofte del as in steapeltsje smoarge wask. Even bleau er útteld lizzen, kaam doe mei in pynlik gesicht oerein en strompele nei syn klubke om dêr mei lûde stim syn beklach te dwaan.
De omstanners, dy ’t earst swijend tasjoen hiene begûnnen no drok trochelkoar te keakeljen. Inkelde sympatisanten kamen op Tsjibbe ta:
‘Klasse, topsporter hè, hij was nergens, ha, ha!’
De Crew joech oan dat it dien wie mei it volleybaljen. Foar Pyt wie der gjin ear mear te heljen. ‘Hier zul je meer van horen,’ rôp er noch.

Trije kofjebrune froulju út Pyt syn klubke op badslippers, yn koarte broek en mei al wat útsakke, bleate brune buken kamen nei harren ta. ‘Wilt u een pilsje? Het is wel es goed dat hij op z’n nummer wordt gezet.’ Ien fan harren joech him in blikje kâld bier oan. en knypeage: ‘Rechtstreeks uit de koeling!’
Tsjibbe glimke. ‘It kaam wol wat hurd oan, leau ’k, verstaat u wel Fries?’
‘Ik wel,’ sei it frommes dy’t him it pilske jûn hie. ‘Mijn grootouders kwamen uit Friesland. Ik heb nog altijd wel wat met Friezen.’
Neffens de oare twa siet sy noch ridlik strak yn ’t fel, seach Tsjibbe.
Se woene fan alles witte en Tsjibbe rekke al mar mear op ’e tekst, benammen oer syn sportprestaasjes. Fan it frommes mei de Fryske pake en beppe krige er noch in pear blikjes bier.
De alvestêdetocht… ja wis hie er dêr oan mei dien, yn ’85 en ’86 as wedstriidrider en yn ’97 as toerrider. ‘Doe hie’k net sa folle traind.’
‘As wedstriidrider… ik miende allinne yn ’85 en doe waardst ynhelle troch de earste toerriders,’ sei Syts, ‘ Kom Tsjibbe, we geane nei de caravan, ik ha Marte en Symen der al hinne stjoerd.’
‘O ja,’ sei Tsjibbe, ‘sa wie ’t, ik fersinde my even… Gean do mar fêst Syts.’ – hy lei de earm om it skouder by ien fan de froulju – ‘Ik krij noch in pilske fan Chantal, dy hat wat mei Friezen!’
De oare twa froulju prústen it út, de hân opsichtich foar de mûle.

By de caravan wie it stil. Mei de swimbadlûden driuwde swietrook fan sinnebrânoalje oer de camping. De sinneblomfjilden, by jûntiid nei de ierde keard, waarden yn it neare tsjuster wei efter it roastige stek.
Alles like rêstich, de bern sliepten fêst al. Yn it ljocht fan de bûtenlampe dûnsen michjes en motflinters. Wêr wie Syts, by de sandaleman?
Dochs wol nijsgjirrich sa’n fakânsje op in Súdfranske camping, tocht Tsjibbe, takom jier noch mar in kear. Dy froulju wiene der dan nei alle gedachten ek wer, dat seine se teminsten.
Fêst in ferrassing foar Syts dat it him sa skoan foldie.
Hy die de doar fan de caravan iepen. Se lei al op bêd… gûlde se in bytsje?
‘Wat is der mei dy?’
‘Ik wol nei hûs.’

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op