Debútbondel Ate Grypstra

logo.ensafh

Heftich, de debútbondel fan Ate Grypstra, is 11 april ferskynd. Wethâlder Sjon Stellinga fan de gemeente Achtkarspelen mocht it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme.

De ferhalen yn de bondel Heftich litte sjen dat it libben fan middelbere skoaljeugd behoarlik heftich wêze kin. De ûnderwerpen rinne fan drank- en drugsgebrûk oant digipesten en misbrûk troch in loverboy. Der wurdt ek omtinken jûn oan luchtiger saken sa as fakânsjeperikelen en in ekskurzje nei it bûtenlân.

Ate Grypstra (1973) skriuwt sûnt 2005 proaza en poëzij yn it Frysk. Hy hat publikaasjes hân op it ynternettydskrift Farsk en yn De Moanne en Hjir. Fierders hat er foardrachten hâlden op It Literêr Sirkwy en op it Grinzer poëzijfestival Dichters in de Prinsentuin. Hy wennet yn Bûtenpost
en wurket as dosint yn it middelber ûnderwiis.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op